Lyryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L added Category:Lyryk using HotCat
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
 
Rigel 1:
'''Lyryk''' is yn 'e [[letterkunde]] de sammelnamme foar teksten (almeast [[gedicht]]en), wêrmei't de [[skriuwer]] in persoanlik gefoel uterje wol. De term is ôflaat fan it [[Gryksk]]e λύρα (''lúra''), dat fan "[[liere (ynstrumint)|liere]]" betsjut. Oarspronklik wiene lyryske teksten dus gedichten of [[liet]]en by it sjongen wêrfan't men jinsels of oaren op 'e liere begeliede koe.
 
As [[literatuer|literêr sjenre]] wurdt de lyryk tradysjoneeltradisjoneel ûnderskaat fan 'e [[epyk]], de [[dramatyk]] en de [[didaktyk]]. It ferskil mei de epyk leit deroan dat by epyk in ferhaal ferteld wurdt, in opienfolging fan foarfallen, wylst lyryk wijd is oan it uterjen fan gefoelens, sûnder dat dêr in beskate folchoarder oan ferbûn is. Foarbylden fan typyske lyryske ûnderwerpen binne de leafdesferklearring foar in kreaze frou of it besjongen fan 'e skientme fan 'e [[natoer]]. Dêrút folget dat lyryske gedichten yn 'e regel (folle) koarter binne as epyske gedichten.
 
De wichtichste foarm fan lyryske poëzij is it [[sonnet]]. Ien fan 'e ierst bekende lyryske dichters wie [[Sapfo fan Lesbos]]. Tsjintwurdich komt lyryk folle mear foar as epyk of didaktyk, en fan gefolgen kin fierwei it grutste part fan 'e [[19e iuw|njoggentjinde]]- en [[20e iuw|tweintichste-iuwske]] [[poëzij]] ta de lyryk rekkene wurde.