East: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
 
Rigel 2:
'''East''' of it '''easten''' is in [[wynstreek]] en ien fan 'e fjouwer [[haadwynstreek|haadwynstreken]], njonken [[noard]], [[súd]] en [[west]]. De [[namme]] komt fuort út it [[Proto-Germaansk]]e *''aus-t-'' ("[[moarnsdage]]"), fan it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]]e *''austo-s'', in [[ferbûging (taalkunde)|ferbûging]] fan 'e [[woartel (taalkunde)|woartel]] *''aues-'': "út 'en [readens] skine". In [[synonym]] foar 'east' is '''Oriïnt''', dat yn 'e regel brûkt wurdt om it easten fan it [[Jeraazje|Jeraziatyske]] [[kontinint]] mei oant te tsjutten; it [[eigenskipswurd]] '''oriïntaalsk''' ferwiist sadwaande ek nei saken of persoanen út it [[Midden-Easten]] of it [[Fiere Easten]]. Yn 'e [[koloanje|koloniale tiid]] spriek men ek wol fan 'de East' as men [[East-Ynje]] bedoelde.
 
It easten is it tsjinstelde fan it [[westen]]. It is de rjochting dêr't de [[sinne]] liket [[sinne-opgong|op te kommen]]. Yn 'e [[astronomy]] is it easten definiëarre as de rjochting dêr't in [[himellichem]] yn syn omrin by wei draait. Op in [[lânkaart]] wurdt it easten [[tradysjetradisje|tradysjoneeltradisjoneel]] as de rjochterkant beskôge, sadat men it noarden boppe hat en it suden ûnder. Sadwaande sprekt men by it lêzen fan in wrâldkaart fan it easten as men it oer it [[eastlik healrûn]] hat.
 
Om't de sinne yn 'e waarnimming fan ierdbewenners yn it easten opkomt (wat as in [[symboal]] fan fernijing sjoen wurdt dat assosjearre wurdt mei de [[opstanning út de dea]]), is it yn in protte hjoeddeiske en histoaryske [[religy]]en wizânsje om yn 'e rjochting fan it easten te [[bidden]]. Yn in diel fan it [[kristendom]] bestie(t) dy gewoante ek; dêrom steane âldere [[tsjerke]]n oer it algemien mei it [[skip (tsjerke)|skip]] nei it easten ta, en wurde de lju ek mei it [[gesicht]] (d.w.s. de [[holle]]) nei it easten ta [[begroeven]].