Stabij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
change: real stabij, replaced mixed dog
L stabij-wetterhûnkrusing weromset
Rigel 16:
==Skiednis==
De stabij is in fan oarsprong [[Fryslân|Frysk]] hûneras, dat nei alle gedachten ûntstien is yn 'e [[Fryske Wâlden]]. It datearret yn elts gefal fan foàr [[1800]], en waard yn 'e [[19e iuw|njoggentjinde]] en iere [[tweintichste iuw]] gauris fermeld yn 'e [[Frysk]]e [[literatuer]]. Sa spilen stabijhûnen in rol yn it wurk fan [[Joast Hiddes Halbertsma]], [[Waling Dykstra]] en [[Nynke fan Hichtum]]. Oarspronklik waard de stabij fokt foar de [[jacht (op bisten)|jacht]] op lyts wyld, benammen [[fûgel]]s, mar ek [[foks]]en, [[murd]]en, [[rôt|rotten]] en [[mol (bist)|mollen]].
[[File:Friese Stabij P6180863.JPG|left|thumb|250px|Gjin rassuvere stabij, mar in krusing tusken in stabij en in [[wetterhûn]] (sa't û.m. te sjen is oan it krollige hier).]]
[[File:Stabyhoun in adolescence.jpg|thumb|Stabij in de adolescentie]]
 
De stabij is in [[steande hûn]], dy't ûnferweechlik stilstean bliuwt as er it wyld gewaar wurdt (soms mei in foarpoat omheech en mei de noas yn 'e rjochting fan it wyld) en sa syn baas der opmerksum op makke. As it wyld sketten is, hellet er it ûnskansearre en sa nedich noch libben op en bringt it by syn baas. Dêrnjonken hat de stabij in earsten [[noas]], en is it sadwaande in treflike [[speurhûn]]. Behalven as [[jachthûn]] tsjinne de stabij ek as [[hiemhûn]], en gruttere eksimplaren waarden foarhinne ek wol as [[lûkhûn]] brûkt, wêrby't se foar of ûnder de [[hûnekarre]] spand waarden om frachten te ferfieren.