Arnaud Beltrame: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Militêre karriêre: +militêre karriêre ferfryske
L Kopkes
Rigel 23:
| offisjele webside =
}}
'''Arnaud Jean-Georges Beltrame'''([[18 april]] [[1973]] - [[24 maart]] [[2018]]) wie in [[Frankryk|Frânsk]] [[maresjesee|militêr plysjeman]] mei de [[militêre rang|rang]] fan [[luitenant-kolonel]] yn de Frânske [[Nasjonale Sjendarmery]]. Ek wied er plakferfangend befelhawwer fan de departemintale sjendarmery fan [[Aude (departemint)|Aude]]. By in [[terrorisme|terroristyske]] [[oanslach]] op in yn [[Trèbes]], útfierd troch in man dy't bewearde trou te wêzen oan 'e saneamde [[Islamityske Steat|IS]], ferlear Beltrame it libben nei't er frijwillich fan plak wiksele hie mei in [[gizeling (misdriuw)|gizeler]]. Hy wie ridder fan de [[Ordre national du Mérite|Nasjonale Oarder fan Fertsjinste]] (''Ordre national du Mérite'') en dekorearre mei it [[Croix de la Valeur Militaire|Krús foar de Militêre Heldhaftichheid]] (''Croix de la Valeur Militaire'', mei brûnzen stjer) en de [[Médaille de la Défense nationale|Nasjonale Definsjemedalje]] (''Médaille de la Défense nationale'') foar syn tsjinjen yn [[Irak]].
 
== Biografy ==
===Militêre karriêre ===
Beltrame folge in tariedende oplieding oan it [[Militêr Lyseum fan Saint-Cyr]] (ferlykber mei de [[Keninklike Militêre Akademy|KMA]] yn [[Nederlân]]), en ferfolle dêrnei syn [[tsjinstplicht]] as [[ûnderofsier]] (efterinoar) oan 'e Legerartilleryskoalle yn [[Draguignan]], by it Frânske 35e Parasjute-artilleryregimint, en by it Frânske 8e Artilleryregimint. Dêrnei folge er in algemiene oplieding oan 'e [[École Militaire Interarmes]] (EMIA) yn [[Coëtquidan]], dêr't ûnderofsieren en [[nasjonale reserve|reserve-ofsieren]] oplaat wurde ta [[ofsier]]en. Oanslutend folge er oan 'e [[École des Officiers de la Gendarmerie Nationale]] yn [[Melun]] in oplieding ta ofsier fan 'e [[Nasjonale Sjendarmery]], de Frânske [[maresjesee]] (dy't lykwols yn Frankryk folle mear [[plysje]]taken hat as de [[Keninklike Maresjesee]] yn Nederlân).
 
Line 32 ⟶ 33:
Neitiid tsjinne Beltrame as kommandant fan in [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjy]] [[ynfantery]] fan 'e [[Republikeinske Garde (Frankryk)|Republikeinske Garde]], dy't ta taak hat om it [[Élysée]] (de residinsje fan 'e presidint fan Frankryk) te beskermjen en te befeiligjen. Fan [[2010]] oant [[2014]] stied er oan it haad fan 'e sjendarmerykompanjy fan [[Avranches]], dy't diel útmakke fan 'e Departemintale Sjendarmery fan [[Manche (departemint)|Manche]]. Yn [[2015]] begûn er in oplieding [[ekonomy]]ske [[kriminology]] oan 'e École Européenne d'Intelligence Économique yn Versailles, dy't er yn [[2016]] mei goed gefolch ôfrûne. Yn datselde jier waard Beltrame befoardere ta [[luitenant-kolonel]]. Yn [[augustus]] [[2017]] waard er oansteld as adjunkt-kommandant fan 'e Departemintale Sjendarmery fan [[Aude (departemint)|Aude]].
 
== =Priveelibben ===
Beltrame kaam út in net-religieuze famylje, mar bekearde him doe't er 33 jier wie ta it [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike]] leauwe. Yn 2015 makket er in [[pylger]]stocht nei de Basilyk fan Sainte-Anne d'Auray, dêr't er de [[Faam Marije]] freget om him te helpen de frou fan syn libben te moetsjen. Koarte tiid dêrnei moetet er de djip leauwige Marielle Vandenbunder. Yn augustus 2016 waard it boargerlik houlik sletten en yn juny 2018 soe it tsjerklik houlik sletten wurde yn de Basilyk fan Saints Nazarius en Celsus. Krekt foar de oanslach yn Trèbes makke Beltrame noch in pylgersreis nei [[Santiago de Compostela]]. Beltrame wie ek frijmitselder en krige ûnderskiedingen fan syn ''Grand Loge''. Beltrame hie niget oan de skiednis fan Frankryk en kristlike woartels fan it lân.
 
== Earbetoan ==
[[Emmanuel Macron|Presidint Macron]] kundigde al op 24 maart 2018 oan dat der in nasjonaal earbetoan brocht worde sil oan luitenant-koloneloerste Beltrame.
 
{{DEFAULTSORT:Beltrame, Arnaud}}