Lânwurk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
{{Literatuer
| ôfbylding = Bornmeer-Lânwurk.jpg
| ôfbyldingstekst = De [[Frysk]]e [[oersetting]], yn [[2002]] útjûn troch <br>[[Steven Sterk|Steven Sterk, Utjouwer]] (no [[Utjouwerij Bornmeer]]).
| ôfbyldingsbreedte = 200px
| titel = ''Lânwurk''
| oarspr. titel = ''Georgica''
Rigel 30:
==Ynhâld==
Fergilius begjint syn gedicht mei in koart oersjoch fan 'e fjouwer boeken, folge troch in gebed oan 'e ferskate godheden dy't oer de lânbou geane, en, net te ferjitten, keizer [[Augustus Oktavianus|Augustus]] sels. De earste helte fan Boek I beslacht withoefolle technyske beskriuwings fan lânbouwurktugen, lykas regel 160-175, dy't de [[ploege]] behannelje. It bydragen fan arbeid is fan it heechste belang foar it súkses of it falen fan 'e ûndernimmings fan 'e [[minske]], sij it op it mêd fan 'e lânbou of op oare terreinen. Ien klimaktyske passaazje, yn regel 311-350, beskriuwt in ferwoastgjende stoarm, dy't al it bodzjen fan 'e minske teneate docht. Nei't er in ferskaat oan waartekens opneamd hat, einiget Fergilius mei in opsomming fan 'e foartekens dy't mank giene mei de moard op [[Julius Caesar]] en de dêropfolgjende [[boargeroarloch]]; inkeld Augustus biedt hope op rêding.
[[Image:Meister des Vergilius Romanus 001.jpg|thumb|left|300px|Boek III fan 'e ''Georgica'', ''Hoeder mei Keppel''.]]
 
In wichtich motyf fan it twadde boek is de lânbou as foarbyld fan 'e wrakseling fan 'e minske mei in fijannige natoer. Krekt as Boek I begjint it mei in oanropping fan 'e goaden dy't geane oer de saken dy't besprutsen wurde sille: [[wynbou]], [[fruittylt]], [[boskbou]] en [[oliif|oliven]]. Yn 'e folgjende hûndert regels behannelet Fergilius bosk- en fruchtebeammen, wêrfan't fuortplanting en groei oant yn detail beskreaun wurde. Hy jout dêrby yn it bysûnder omtinken oan it ferskil tusken natuerlike ûntjouwing en metoaden dy't tapast wurde troch de minske. In hastich opneamde katalogus fan 'e beammesoarten fan 'e wrâld beslút dit diel. Wat faaks de meast ferneamde passaazje út it gedicht is, de ''Laudes Italiae'' ("Lof fan Itaalje"), wurdt oan 'e lêzer yntrodusearre troch in opsomming fan útlânske wûnders: nettsjinsteande dy is der gjin oar lân dat sa priizge wurde moat as [[Itaalje]]. Dan wurdt de fersoarging fan wynranken beskreaun, dy't kulminearret yn 'e oangripende sêne fan harren ferdylging troch fjoer. Fergilius giet fierder mei rie oer wannear't men druveplanten plantsje moat en komt sa út by in oare ferneamde passaazje, de "Lof fan 'e Maityd". Dêryn beskriuwt er de groei en skientme dy't mank geande mei it kommen fan 'e maityd. Dêrnei wurdt de [[olivebeam]] derby helle om in kontrast mei de druveranken te skeppen: olivebeammen hat in boer net folle wurk fan. Dan komme oare soarten beammen, sawol fruchtdragende as dy't brûkber hout leverje. De ein fan Boek II wurdt alhiel bestege oan it besjongen fan 'e deugden fan it plattelân boppe de ferrotting fan 'e stêd.
[[Image:Meister des Vergilius Romanus 001.jpg|thumb|left|300px|Boek III fan 'e ''Georgica'', ''Hoeder mei Keppel''.]]
 
Boek III giet foar it meastepart oer feehâlderij. It kin rûchwei opdield wurde yn twa parten: de earste helte is wijd oan it fokken fan [[hynder]]s en [[ko|kij]], wylst de twadde helte de fersoarging en beskerming fan keppels [[skiep]] en [[geit]]en behannelet. Beide dielen hawwe in koarte prolooch wêryn't sawol [[Grykske mytology|Grykske]] as [[Romeinske mytology|Romeinske goaden]] oanroppen wurde, en dy't yngeane op 'e dichterlike aspiraasjes fan Fergilius sels en de dreechheid fan syn keazen ûnderwerp.