Hear bliuw my nei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Skriem (oerlis | bydragen)
Dit is de Fryske ferzje fan en:Abide_with_Me;
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 28 mrt 2018 om 19.29


"Hear bliuw my nei" is de Fryske oersetting fan de Ingelske kristlike hymne "Abide_with_Me".

Tekst

De ûndersteande fersen komme út it Frysk lieteboek fan 1979.[1]

Hear, bliuw my nei by 't fallen fan 'e jûn,
it lêste ljocht is oer de kieme rûn.
Ik haw gjin help en alle treast wurdt wei
wês Jo myn Helper, Hear, o bliuw my nei.

Us libben wiks'let rêd as eb en floed,
de wrâld mei al syn glâns fergiet foargoed.
Feroaring en ferfal bringt elke dei,
mar Jo dy 't net feroarje, bliuw my nei.

Gjin oere kin ik bûten Jo bestean,
sûnder Jo leafde moat ik ûndergean,
Wêr fyn ik hâld en wa wiist my de wei?
By skaad en sinneskyn, o bliuw my nei.

Ik haw gjin freze foar de dei fan moarn,
my jaget grêf noch dea gjin skrik mear oan.
Jo dy't my liede nei d'oerwinningsdei
troch leed en triennen, Hear, o bliuw my nei.

Hâld foar myn each Jo ljocht en blinkend krús,
skyn troch myn tsjuster, rop my by Jo thús.
Hast komt de moarn, de skaden falle wei.
Yn dea en libben, Hear, o bliuw my nei.

  1. ISBN 90 6066 352 7, Frysk Lieteboek, Fryske Akademy, Ljouwert, 1979, Útjouwerij A. J. Osinga BV Boalsert, nûmer 87, side 130