Arnaud Beltrame: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Earbetoan: - kat nei oerlis
Rigel 34:
 
===Terroristyske oanslach===
Om 11 oere hinne, op 24 maart 2018 bestoarme in terrorist, dy't bewearde trou te wêzen oan [[ISIS]], in supermerk yn [[Trèbes]]. Hy hie in [[pistoal]], in jachtmes en trije selsmakke [[Bom (wapen)|bommen]] by him. Hy skeat twa minsken dea en gizele oaren. De plysje ûnderhannelde oer it frijlitten fan de gizelders, en Beltrame bea oan om it plak fan de lêste, in frou, yn te nimmen. Hy sette syn mobile telefoan op in list mei de line iepen sadat de plysje bûtendoar meiharkje koe. Nei yn ympasse fan trije oeren stiek de terrorist op Beltrame yn en skeat er op him. GIGN-meiwurkers (''Groupe d'Intervention de la Gendarmerie Nationale'') reagearren om 14.40 uur mei in oanfal op de supermerk en deaden de oanfaller. Ut de autopsy die bliken dat Beltrame stoarn wie oan stekwûnen yn de kiel.<ref>[http://www.leparisien.fr/faits-divers/le-lieutenant-colonel-arnaud-beltrame-est-mort-poignarde-25-03-2018-7628190.php|Attentat dans l'Aude : le gendarme Arnaud Beltrame est mort poignardé au cou, 25 maart 2018]</ref>
 
===Priveelibben===