Paul Gauguin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L →‎Van Gogh: [[]], dúdliker
Rigel 14:
 
=== Van Gogh ===
Gauguin wenne, op inisjatyf fan [[Theo van Gogh (keunsthanneler)|Theo van Gogh]], yn [[1888]] twa moanne by [[Vincent van Gogh]] yn [[Arles]] dêr't Vincent in skilderskoloanje begjinne woe. Theo stipe Gauguin yn dy tiid ek finansjeel. Yn it begjin wie de gearwurking goed, de twa learden fan inoar, en skilderen tegearre. Der binne skilderijen fan Gauguin en Van Gogh dy't sa't it liket mei de deselde ferve makke binne. Se hawwe ek oer en wer portretten fan elkoar makke. Mar om't se yn itselde hûs wennen, bekuolle harren relaasje doe't it waar minder waard, sa't se ticht op elkoar libje moasten. Ut de brieven fan Vincent blykt dat hy en Gauguin oanienwei rûzje hiene. Op 23 desimber kaam it ta in útbarsting. Neffens Gauguin wie er sa skrokken fan it hâlden en dragen fan Van Gogh, dy't him op in jûnskuier efterfolge, dat hy in nacht yn in hotel trochbrocht. Dy jûn die ek bliken dat fan Van Gogh in stik fan syn ear ôfsnien wie. Neffens Gauguin hie Van Gogh dat sels dien. Van Gogh waard yn it sikehûs opnaam, en Gauguin flechte nei Paris.
 
=== [[Tahity]] en [[Polyneezje]] ===