De Hobbit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Plot: gramm
L →‎Plot: red
Rigel 36:
It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld, ear't de hearskippij fan 'e [[minske]] begjint. De hobbit Bilbo Balsma kriget ûnferwachts de [[tsjoender]] Gandalf te gast en in groep fan trettjin [[dwerch (mytysk wêzen)|dwergen]] ûnder lieding fan Thorin Ekenskyld, de ôfstammeling fan harren keningen. Gandalf, oan wa't Bilbo foarôf al kunde hie, hellet in skatkaart foar 't ljocht en wol dat de hobbit mei giet om 'e draak Smûch in dwergeskat te ûntnaderjen, ûnder de Ienlike Berch, fier nei it easten. Bilbo sjocht dêr earst hielendal neat yn, mar de tsjoender kriget him manipulearjenderwize dochs safier.
{{Plotbedjer}}
Fyftjinresom reizgje se troch wylde lannen, dêr't Gandalf it selskip rêdt fan [[trol]]len, om úteinlik yn 'e [[elf (mytysk wêzen)|elfske]] delsetting Riedelle te bedarjen, dêr't Elrond de Healelf mear geheimen fan 'e skatsikerskaart oan 't ljocht bringt. Se reizgje troch de Diisbergen, mar heech yn e bergen wurdt it selskip finzen naam troch [[ierdman]]nen en troch harren meinaam yn harren tunnels. Hoewol't Gandalf harren fannijs rêdt, ferliest Bilbo op harren flecht foar de ierdmannen de oaren út it each. Yn 'e tsjustere tunnels is er alhiel paadbjuster, mar dan fynt er by tafal, of sa liket it alteast, in mysterieuze ring. Koart dêrnei rint er it nuvere wêzen Gollum tsjin it liif, dat mei him in riedlingspul oangiet. AtAs Bilbo wint sil Gollum him it paad út 'e tunnels wize, mar atas Gollum wint mei Gollum him opfrette. Uteinlik freget Bilbo Gollum wat er yn syn bûse hat (de ring), en dêr moat Gollum it antwurd op skuldich bliuwe. Ear't er Bilbo nei boppen en nei bûten ta laat hat falt it antwurd him lykwols yn (want hy is it, dy't de ring ferlern hat), en sil er op Bilbo oanfalle. Bilbo flechtet, en tochdat de ring Bilbo om 'e finger glidet kin Gollum him net mear fine. It duorret eefkes ear't de hobbit foar it ferstân kriget dat de ring him ûnsichtber makket, mar as er dat ienris snapt, brûkt er it Gollum te folgjen dy't de wei nei bûten ta ôfrint om dy te beweitsjen, en dan Gollum en wacht fan de ierdmannen te ûntwiken en op dy manear út 'e tunnels te ûntkommen. Hy jout him wer by Gandalf en de dwergen en mei-inoar ûntflechtsje se de bergen. Se wurde opjage troch de ierdmannen, mar wurde rêden troch earnen en bekomme neitiid yn it hûs fan 'e [[stalwikselder]] Beorn.
[[File:Anne Popkema 129 z.jpg|thumb|left|250px|[[Oersetter]] [[Anne Tjerk Popkema]] mei (de earste printige fan) ''De Hobbit''.]]