Arnaud Beltrame: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 32:
 
Neitiid tsjinne Beltrame as kommandant fan in [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjy]] [[ynfantery]] fan 'e [[Republikeinske Garde (Frankryk)|Republikeinske Garde]], dy't ta taak hat om it [[Élysée]] (de residinsje fan 'e presidint fan Frankryk) te beskermjen en te befeiligjen. Fan [[2010]] oant [[2014]] stied er oan it haad fan 'e sjendarmerykompanjy fan [[Avranches]], dy't diel útmakke fan 'e Departemintale Sjendarmery fan [[Manche (departemint)|Manche]]. Yn [[2015]] begûn er in oplieding [[ekonomy]]ske [[kriminology]] oan 'e École Européenne d'Intelligence Économique yn Versailles, dy't er yn [[2016]] mei goed gefolch ôfrûne. Yn datselde jier waard Beltrame befoardere ta [[luitenant-kolonel]]. Yn [[augustus]] [[2017]] waard er oansteld as adjunkt-kommandant fan 'e Departemintale Sjendarmery fan [[Aude (departemint)|Aude]].
 
Beltrame waard op 27 maart 2018 postúm befoardere ta [[kolonel]].
 
===Terroristyske oanslach===
Om 11 oere hinne, op 24 maart 2018 bestoarme in terrorist, dy't bewearde trou te wêzen oan [[ISIS]], in supermerk yn [[Trèbes]]. Hy hie in [[pistoal]], in jachtmes en trije selsmakke [[Bom (wapen)|bommen]] by him. Hy skeat twa minsken dea en gizele oaren. De plysje ûnderhannelde oer it frijlitten fan de gizelders, en Beltrame bea oan om it plak fan de lêste, in frou, yn te nimmen. Hy sette syn mobile telefoan op in list mei de line iepen sadat de plysje bûtendoar meiharkje koe. Nei yn ympasse fan trije oeren stiek de terrorist op Beltrame yn en skeat er op him. GIGN-meiwurkers (''Groupe d'Intervention de la Gendarmerie Nationale'') reagearren om 14.40 uur mei in oanfal op de supermerk en deaden de oanfaller. Beltrame stoar de oaredeis yn it sikehûs. Ut de autopsy die bliken dat Beltrameer stoarn wie oan stekwûnen yn de kiel.<ref>[http://www.leparisien.fr/faits-divers/le-lieutenant-colonel-arnaud-beltrame-est-mort-poignarde-25-03-2018-7628190.php|Attentat dans l'Aude : le gendarme Arnaud Beltrame est mort poignardé au cou, 25 maart 2018]</ref>
 
===Priveelibben===
Line 42 ⟶ 40:
 
== Earbetoan ==
[[Emmanuel Macron|Presidint Macron]] kundigde al op 24 maart 2018 oan dat der in nasjonaal earbetoan brocht wurde soe oan oerste Beltrame. Minister fan Binnenlânske Saken [[Gérard Collomb]] spruts oer Beltrame syn dapperheid en heldhaftichheid. De Frânske flaggen en de findels fan de Sjendarmery en de Assemblée Nationale waarden healstôk hongen. De haadseremoanje wie op 28 maart yn Parys, op it binnenplein fan it [[Hôtel des Invalides]]. Yn it hiele lân waard healstoks flagge.<br>
Beltrame waard op 27 maart 2018 postúm beneamd ta kommandeur yn it [[Légion d'Honneur]] en befoardere ta [[kolonel]] troch presidint Macron.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>