Ferskil tusken ferzjes fan "Terp"

24 bytes grutter ,  2 jier lyn
Hmm. Dit artikel moat op ynhâld hifke wurde.
(Link verwijst terug naar deze pagina.)
(Hmm. Dit artikel moat op ynhâld hifke wurde.)
{{wurk}}
[[Ofbyld:Hogebeintum1.JPG|thumb|right|240px|''Hegebeintum'']]
In '''Terp''' is in keunstmjittige hichte, oanlein yn de Fryske kuststreken, fan [[Belgje]] oant it suden fan Denemarken [[Jutlân]].
 
== Needsaak ==
In grut part fan Fryslân is foarme ûnder de ynfloed fan de see, en de see hat lange tiid frij spul hân op it Fryske lân. By [[seestiging]]en strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har hjirdêr net permanint tenei wenjen te setten. Om 700 foar Kristus hinne setten minsken har op de hegere kwelderwâlen[[kwelderwâl]]en tenei wenjen, en doe’t rûnder om 500 foar Kristus wer in seestiging kaam, wie it foar guon mei in opheging fan har wenstee út te hâlden. Yn de tiden tusken seestigings waard it mooglik ek op oare plakken te wenjen, en om't der mear minsken kamen wie dêr ek ferlet fan. Dêrnei waard der by eltse nije seestiging in nije generaasje terpen boud.
 
Der binne sa fjouwer generaasjes fan terpen: fan [[500 f.Kr.]], fan [[200]] n.Kr., fan [[700]] n.Kr. en fan nei it jier [[1000]]. It oanlizzen fan de [[seedyk|seediken]] makke dat der by de seestiging fan de fjirde generaasje al minder ferlet fan terpen wie, en; nije terpegeneraasjes binne der net mear kaam.
 
De âldst bekende terp, en mei 8,8 m. ek de heechste, is dy fan [[Hegebeintum]], dy't [[600 f.Kr.]] al bewenne wie. Lykwols hawwe de measte terpen fan de earste generaasje oant de [[1e iuw f.Kr.]] net it hiele jier troch bewenne west. Fan doe oant de [[8e iuw]], it tiidrek dat Fryslân diel útmakke fan it [[Frankyske ryk]], wie dat lykwols al sa.
 
== Neitiid ==
Nei de oanlis fan de diken rûn it belang fan de terpen werom. Yn de [[19e iuw]] waard in grut tal fan terpen ôfgroeven, om de fruchtbere grûn yn de lânbou brûke te kinnen. De terpfynsten dy't dêrby dien waarden joegen ynsicht yn de skiednis fan de terpen, en laten úteinlik yn [[1965]] ta beskerming fan de terpen ûnder de Monumintewet. Fan de measte doarpsterpen is hjoed de dei lykwols allinnichfaak it part fan de tsjerke mei it hôf oer.
 
=== Halligen ===
 
== Taal ==
Oant de ein fan de Midsiuwen wie it wurd foar in wenhichte ''wert'', wat ek noch yn in soad plaknammen weromkomt. Dat kin nei gedachten ôflaat wurde fan ''werft'' - opgoaide hichte. Yn Noard Dútslân wurdt ''Warft'' brûkt; it [[Grinslânsk]] brûkt it wurd ''wierde''.
 
It wurd ''terp'' wie eartiids it Fryske wurd foar ''doarp''. ''Doarp'' is nei alle gedachten in Nederlânsk lienwurd, en troch de opkomst dêrfan is ''terp'' it wurd wurden foar de hege wenplakken. Yn it [[Sealtersk]]e wurd ''Täärp'' is de betsjutting fan doarp noch bewarre bleaun.
82.733

bewurkings