Ynternasjonale Lofthaven Lubumbashi: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
nij
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 apr 2018 om 12.50

Ynternasjonale Lofthaven Lubumbashi (IATA: FBM; ICAO: FZQA) is in lofthaven yn Lubumbashi, de twadde grutste stêd fan de Demokratyske Republyk Kongo.

Ynternasjonale Lofthaven Lubumbashi
Lubumbashi International Airport
IATA: FBM ICAO: FZQA
Algemien
Type Publyk
Lokaasje Lubumbashi, DR Kongo
Hichte 1.197 meter boppe seenivo
Webside www.lubumbashiairport.com
Startbanen
   Baan      Lingte   Materiaal
07/25 3.203 m Asfalt

Skiednis

De lofthaven ûntstie yn koloniale tiden ûnder de namme Lofthaven Elisabethville of Lofthaven Luano. Tidens de Kongokrisis hie de lofthaven in tige wichtige funksje.

Ungelokken en ynsidinten

  • Yn desimber 2001 waard in Douglas C-53-DO fan Air Katanga mei registraasje ZS-OJD ôfskreaun nei in mislearre lâning op Ynternasjonale Lofthaven Lubumbashi.
  • Op 15 septimber 1961 liet in Fouga CM.170 Magister fan de Katangeeske loftmacht twa bommen falle op it fleanfjild. Ien fan de twa foel lyk op in DC-4-1009 fan Air Katana mei registraasje OO-ADN. Der foelen gjin deaden, mar de fleanmasine waard ôfskreaun.