Klaas Dijkstra (pseudowittenskipper): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Klaas Dijkstra''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[20 maart]] [[1895]]<ref name="LC 20-03-1965">[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/site/article.do?code=LC&date=19650320&id=LC-19650320-25003 Klaas Dijkstra wacht nog steeds op antwoord van de wetenschap], [[Ljouwerter Krante]], 20 maart 1965</ref> - [[Hilfertsom]], koart foar [[4 juny]] [[1969]]<ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/site/article.do?code=LC&date=19690604&id=LC-19690604-1007 Klaas Dijkstra in Hilversum overleden], Ljouwerter Krante, 4 juny 1969</ref>) wie in Nederlânske amateurwittenskipper en [[Morosofy|morosoof]] dy't hawwe woe dat de [[Ierde (planeet)|Ierde]] plat wie.
 
Dijkstra begûn om 1911 as [[edelsmid]] mei it [[sulversmid|siselearjen]] fan lânskippen yn [[koper]] en [[sulver]] dy't op sigaredoazen fêstset waarden. Hy hie in bedriuw yn Snits, dat yn de grutte ekonomyske [[Beurskrach fan 1929|krisis fan 1929]] sneuvele, wêrnei't er flak foar de [[Twadde Wrâldkriich]] nei Hilfertsom ferfardeferfear.
 
== Teory fan de Platte Ierde ==
Dijkstra sette mei syn ûndersyk úteinút ein yn 1931 en kaam yn 1947 mei syn konklúzje dat de Ierde plat wie<ref name="LC 20-03-1965"></ref> en hold dat út oant syn ferstjerren yn 1969. De Ierde is neffens Dijkstra in platte rûne skiif mei in opsteande râne fan iis. Dy iisrâne is neffens him itselde as wat de [[súdpoal]] neamd wurdt; as it immen slagje soe om oer dy râne te klimmen, soe er yn de [[Rûmte (astronomy)|rûmte]] falle. Dijkstra neamt de súdpoal de "sône fan de apaty", de wrâld hâldt dêr op, de loft is yl en it [[kompas]] docht it dêr net mear. De [[noardpoal]] leit yn it middelpunt fan Dijkstra's platte Ierde.<br>
Doe't [[Edmund Hillary]] en [[Vivian Fuchs]] yn 1958 de súdpoal oerstutsen, wie Dijkstra nei't er sei ferbjustere, mar hold wol fertrouwen yn syn teory:
:'Myn teory dat de ierde net in bol is mar in platte skiif, hat wol in knoei krigen mar leit net om. Neffens my hat Fuchs net de foarskreaune [[meridiaan (geografy)|meridiaan]] folge en binne Fuchs en Hillary yn de breedte by inoar kommen. Hillary hat konstatearre dat er fierder fan Fuchs ôf wie as dat er tocht, want hy rekkent mei in bol, wylst it in sirkelbôge wêze moat. De ôfstân wie lykwols lytser as ik sels tocht'.<ref>[http://www.archiefleeuwardercourant.nl/site/article.do?code=LC&date=19580201&id=LC-19580201-4005 En toch is de wereld plat...] ynstjoerd stik fan Klaas Dijkstra yn de Ljouwerter Krante, 1 febrewaris 1958</ref>