Trasyske See: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
kt
Rigel 16:
De '''Trasyske See''' ([[Gryksk]]: Θρακικό Πέλαγος, ''Thrakiko Pelagos''; [[Turksk]]: ''Trakya Denizi''), is it uterste noarden fan 'e [[Egeyske See]]. De Trasyske See (neamd nei de âlde lânstreek [[Traasje]]) wurdt yn it noarden begrinzge troch de Trasyske kust (sawol fan it [[Grikelân|Grykske]] [[West-Traasje]] as it [[Turkije|Turkske]] [[East-Traasje]]); yn it westen troch de eastkust fan it [[skiereilân]] [[Atos (skiereilân)|Atos]], de meast eastlike fan 'e trije "fingers" fan it gruttere skiereilân [[Chalkidike]]; yn it easten troch de westkust fan it (Turkske) skiereilân [[Gallipoly (skiereilân)|Gallipoly]]; en yn it suden troch in tinkbyldige line dy't fan 'e útein fan Gallipoly nei de útein fan Atos rint. De Grykske eilannen [[Thasos]] en [[Samothraki]] lizze yn 'e Trasyske See, wylst it Turkske eilân [[Gökçeada]] (Gryksk: Imbros) oan 'e súdlike râne leit. De grutste havenstêden oan 'e Trasyske See binne [[Alexandroupolis]] en [[Kavala (stêd)|Kavala]], beide yn Grikelân.
 
[[Kategory:See yn Jeropa]]
[[Kategory:Middellânske See]]
[[Kategory:Wetter yn Grikelân]]