Botanyske tún: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Orto botanico di Pisa - general view.JPG|right|thumb|180px|De botanyske tún fan 'e Universiteit fan [[Pisa]], yn [[Itaalje]].]]
In '''botanyske tún''' is in [[tún]] dy't tawijd is oan 'e samling, kultivaasje en tentoanstelling fan in wiid ferskaat oan [[planten]], faak fan oer de hiele wrâld, wêrby't hieltyd de [[wittenskiplike namme]] fermeld stiet. Botanyske tunen meitsje yn 'e regel ûnderdiel út fan [[universiteit]]en ('''Hortus Botanicus''') of oare [[wittenskip]]like ûndersyksynstituten, en binne ornaris tagonklik foar it publyk, mei't harren doel foar in grut part it ferskaffen fan ûnderwiis oangeande de plantewrâld is. In oar doel is de bewissiging fan it fuortbestean fan seldsume planten, en in trêden it dwaan fan wittenskiplik ûndersyk nei de oanwêzige plantesoarten.
 
Botanyske tunen omfetsje meastal [[kas]]sen, dêr't [[eksoat]]yske planten út 'e [[tropen]] kultivearre wurde. Yn sokke kassen (en by goed waar by 't [[simmer]] ek wol yn iepenloftdielen fan botanyske tunen) wurde jûns gauris sosjale gearkomsten holden, lykas lêzings, [[toaniel]]foarstellings en [[konsert]]en. Soms fungearje botanyske tunen ek as [[keunst]]galeryen; [[byldhouwurk]]en passe der bygelyks hiel goed by.