De Hobbit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Plot: red
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎Plot: Ik haw de earste ferzje behannele.
Rigel 36:
It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld, ear't de hearskippij fan 'e [[minske]] begjint. De hobbit Bilbo Balsma kriget ûnferwachts de [[tsjoender]] Gandalf te gast en in groep fan trettjin [[dwerch (mytysk wêzen)|dwergen]] ûnder lieding fan Thorin Ekenskyld, de ôfstammeling fan harren keningen. Gandalf, oan wa't Bilbo foarôf al kunde hie, hellet in skatkaart foar 't ljocht en wol dat de hobbit mei giet om 'e draak Smûch in dwergeskat te ûntnaderjen, ûnder de Ienlike Berch, fier nei it easten. Bilbo sjocht dêr earst hielendal neat yn, mar de tsjoender kriget him manipulearjenderwize dochs safier.
{{Plotbedjer}}
Fyftjinresom reizgje se troch wylde lannen, dêr't Gandalf it selskip rêdt fan [[trol]]len, om úteinlik yn 'e [[elf (mytysk wêzen)|elfske]] delsetting Riedelle te bedarjen, dêr't Elrond de Healelf mear geheimen fan 'e skatsikerskaart oan 't ljocht bringt. Se reizgje troch de Diisbergen, mar heech yn e bergen wurdt it selskip finzen naam troch [[ierdman]]nen en troch harren meinaam yn harren tunnels. Hoewol't Gandalf harren fannijs rêdt, ferliest Bilbo op harren flecht foar de ierdmannen de oaren út it each. Yn 'e tsjustere tunnels is er alhiel paadbjuster, mar dan fynt er by tafal, of sa liket it alteast, in mysterieuze ring. Koart dêrnei rint er it nuvere wêzen Gollum tsjin it liif, dat mei him in riedlingspul oangiet. As Gollum wint sil er Bilbo opfrette, mar as Bilbo wint sil Gollum him it paad út 'e tunnels wize, mar as Gollum wint mei Gollum him opfrette. Uteinlik freget Bilbo Gollum wat er yn syn bûse hat (de ring), en dêr moat Gollum it antwurd op skuldich bliuwe. Ear't er Bilbo nei boppen en nei bûten ta laat hat falt it antwurd him lykwols yn (want hy is it, dy't de ring ferlern hat), en sil er op Bilbo oanfalle. Bilbo flechtet, en tochdat de ring Bilbo om 'e finger glidet kin Gollum him net mear fine. It duorret eefkes ear't de hobbit foar it ferstân kriget dat de ring him ûnsichtber makket, mar as er dat ienris snapt, brûkt er itde ring om Gollum te folgjen dy't de wei nei bûten ta ôfrint om dy te beweitsjen,. enDan danbrûkt er de ring om Gollum en de wacht fan de ierdmannen te ûntwiken en op dy manear út 'e tunnels te ûntkommen. Hy jout him wer by Gandalf en de dwergen en mei-inoar ûntflechtsje se de bergen. Se wurde opjage troch de ierdmannen, mar wurde rêden troch earnen en bekomme neitiid yn it hûs fan 'e [[stalwikselder]] Beorn.
[[File:Anne Popkema 129 z.jpg|thumb|left|250px|[[Oersetter]] [[Anne Tjerk Popkema]] mei (de earste printige fan) ''De Hobbit''.]]
 
Rigel 43:
As de dwergen dêrop de Ienlike Berch, dêr't se lang lyn troch Smûch wei ferdreaun binne, wer yn besit nimme, fynt Bilbo de Erkenstien, in erfstik fan 'e dynasty fan Thorin Ekenskyld, en ferberget dy. De Boskelven en minsken fan 'e mar slane belis foar de Berch en easkje ta kompinsaasje foar harren help en it deadzjen fan Smûch in oanpart fan 'e dwergeskat op, mar Thorin stegeret harren ôf, yn 'e wittenskip dat der al in dwergeleger út 'e Izerbulten wei ûnderweis is om 'e Ienlike Berch te ûntsetten. Bilbo draacht de Erkenstien oer oan Bard en de Elvekening Thranduil, om harren ûnderhannelingsposysje te ferstevigjen, mar Thorin wurdt alhiel breinroer as er dat ûntdekt en ferballet Bilbo fan 'e Berch. In oarloch liket net mear tsjin te kearen.
 
Dan ferskynt Gandalf wer op it toaniel om eltsenien te warskôgjen foardat der in neieroan kommend leger fan ierdmannen en wearwolven neieroan komt. Dat twingt de dwergen, minsken en elven om in gemiene saak te meitsjen, mar inkeld troch de krekt op 'e tiid kommende stipe fan de earnen en fan Beorn witte se de Slach fan 'e Fiif Legers te winnen. Dêrby rekket Thorin deadlik ferwûne, mar ear't er stjert, fermoedsoenet er him mei Bilbo. Dyselde oanfurdet in lyts oanpart fan 'e skat, mei't er eins gjin ferlet fan rykdom hat, mar keart dochs werom nei hûs as in tige ryk hobbit. En de ring, dy't ''The Hobbit'' ta it foarspul fan ''[[Master fan Alle Ringen]]'' makket, hâldt er ek.
[[File:Elikser-De Hobbit.jpg|right|200px|thumb|De twadde [[printinge]] fan 'e [[Frysk]]e [[oersetting]] fan ''The Hobbit''.]]
 
=== Twa ferzjes ===
It ferhaal hjirboppe is it ferhaal sa't it yn de twadde edysje ferskynde, yn 1951. Tolkien hie doe Master fan Alle Ringen skreaun, en hie De Hobbit oanpast dat de beide ferhalen goed oansletten. De moeting mei Gollum wie yn it oarsponklike ferhaal wat oars.
{{Plotbedjer}}
Yn de earste edysje rint it de moeting yn it tsjuster sa:
 
Yn 'e tsjustere tunnels is Bilbo alhiel paadbjuster, mar dan fynt er by tafal in mysterieuze ring. Koart dêrnei rint er it nuvere wêzen Gollum tsjin it liif, dat mei him in riedlingspul oangiet. As Gollum wint sil er Bilbo opfrette, mar as Bilbo wint sil Gollum him in presintsje jaan. Uteinlik freget Bilbo Gollum wat er yn syn bûse hat (de ring), en dêr moat Gollum it antwurd op skuldich bliuwe. Gollum kin lykwols syn presintsje net weromfine, dat hy leit út dat er in ring hie dy't him ûnsichtber makke mar dat dy no fuort is. Bilbo begrypt dat dat de ring is dy't er fûn hat. Om't Gollum no neat hat om oan Bilbo te jaan, lit Bilbo Gollem him lykwols nei de útgong ta liede. Om't er de ring omdocht kin er dan de wacht fan de ierdmannen ûntwike en op dy manear út 'e tunnels ûntkommen.
 
== Oersettings ==