Medisynman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
 
Rigel 1:
In '''medisynman''' of '''medisynfrou''' is in tradysjoneeltradisjoneel genêzer en [[spiritualiteit|spiritueel]] lieder dy't in mienskip fan in lânseigen [[folk]] tsjinnet. Faak wurdt sa'n persoan sjoen as in soarte fan [[sjamaan]]. Yndividuële [[kultuer]]en hawwe elts yn har eigen [[taal]] ferskillende oantsjuttings foar soksoarte persoanen. De term 'medisynman' wurdt almeast brûkt yn ferbân mei de [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en fan 'e [[Noard-Amearika|Noard]]- en [[Súd-Amearika]] (hoewol't men it soms ek tsjinkomt yn 'e kontekst fan [[Afrika]] en [[Melaneezje]]). Hjirby ferwiist it begryp 'medisyn' faak net nei fysike [[medisinen]], mar nei [[spirituële genêzing]]. [[Krûdedokter]]s, dy't yn 'e Yndiaanske kultueren ek rûnom foarkomme, moatte net mei medisynlju betize wurde. Faak is de kennis fan medisynlju geheim, en wurdt dy fan âlder op âlder trochjûn yn beskate famyljes.
 
Hjoeddeistige Yndianen binne oer it algemien tige ûnwillich om kwestjes oangeande medisynlju en harren praktiken mei bûtensteanders te bepraten. Yn guon kultueren wol men soks net iens mei Yndianen fan oare [[etnisiteit]]en besprekke. It befreegjen fan Yndianen oer sokke dingen ropt yn 'e regel djip wantrouwen op. Yn 'e measte stammen is it foar medisynlju ferbean om harsels as sadanich nei bûten ta bekend te meitsjen. Fan gefolgen binne tsjintwurdich medisynlju dy't de belangstelling opsykje faak sjarlatans. Mar ek foarhinne al waard in protte kennis geheim holden. In foarbyld wie bygelyks it doel en gebrûk fan it medisynkoarde of ''[[izze-kloth]]'' fan 'e [[Apachen]], dêr't [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde-iuwske]] [[folkekundige]]n oer yn it tsjuster taasten mei't dat ûnderwerp sa hillich wie foar de Apachen dat bûtensteanders sa'n koarde net iens sjen mochten, lit stean oanreitsje of oer prate.