Deade-Seerôlen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 4:
De boekrôlen binne skreaun yn it [[Hebriuwsk]], [[Arameesk]], [[Gryksk]] en [[Nabateesk]], almeast op [[perkamint]], mar mei in lyts part op [[papyrus]] of [[brûns]]. Guon derfan binne slim oantaast troch tiid en waar, al mei it suver in wûnder hjitte dat se dochs noch sa lang sa goed bewarre bleaun binne. De manuskripten datearje allegear fan beskate tiden yn 'e perioade tusken 408 en 318 f.Kr. Brûnzene munten, dy't op itselde plak fûn binne, foarmje in trochgeande searje begjinnend mei [[Jehannes Hyrkanus]] (135-104 f.Kr.) en einigjend mei de [[Joadske Opstân]] ([[66]]-[[73]] n.Kr.).
 
De boekrôlen binne tradysjoneeltradisjoneel altiten assosjearre mei de joadske sekte fan 'e [[essenen]], hoewol't dy assosjaasje yn 't lêstoan yn 'e kiif kommen is te stean, en saakkundigen no fan tinken binne dat it wierskynliker is dat de teksten ôfkomstich binne fan 'e [[Jeruzalim]]ske preesters, [[sadokiten]] of oare, noch ûnbekende joadske sekten.
 
De Deade-Seerôlen kinne opdield wurde yn trije groepen. Yn it foarste plak binne der teksten dy't ek yn 'e ''Tenach'' foarkomme; dy beslane likernôch 40% fan 'e identifisearre rôlen. Oard binne der apokrife teksten dy't úteinlik net yn 'e joadske kanon opnommen binne, lykas ''[[Henoch (boek)|Henoch]]'', ''[[Jubileeën]]'', ''[[Tobit]]'', ''[[Jezus Sirach]]'', ''[[Psalm 151]]'', ''[[Psalmen 152-155]]'', ensfh. Dy groep foarmet sa'n 30% fan 'e Deade-Seerôlen. De restearjende 30% is opmakke út sektaryske manuskripten (fan beskate streamings binnen it doetiidske joadendom), dy't foàr de ûntdekking fan 'e Deade-Seerôlen folslein ûnbekend wiene, lykas de ''[[Mienskipsregel]]'', de ''[[Oarlochsrôle]]'', it ''[[Kommentaar op Habakuk]]'' en de ''[[Regel fan de Seiniging|Regel fan de seiniging]]''.