Tipy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
 
Rigel 1:
[[File:Oglala girl in front of a tipi2.jpg|right|thumb|250px|In tipy fan 'e [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]], yn [[1891]].]]
In '''tipy''' (ek wol op 'e [[Ingelsk]]e wize stavere as '''''tipi''''' of '''''teepee''''' of inkeld '''''tepee''''') is in kegelfoarmich soarte fan [[tinte]] dat troch de lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske]] folken fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]] brûkt waard by harren [[nomade|nomadyske]] libbenswize fan [[jager-sammelder]]s, foar't hja yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] en [[Kanada|Kanadeeske]] autoriteiten twongen waarden om har yn [[Yndianereservaat|reservaten]] nei wenjen te setten. Tipys waarden tradysjoneeltradisjoneel makke troch in stikmannich houtene peallen tsjininoar oan rêste te litten en se dan mei bistehûden te beklaaien. Hoewol't sokke tinten stereotypysk assosjearre wurde mei alle Yndianen, waarden se inkeld brûkt troch de Flaktestammen. Yn oare dielen fan Noard-Amearika wiene oarsoartige tinten of fêste huzen yn gebrûk as wente, lykas de [[wichwam]], in tinte mei in rûne boppekant út 'e krite fan 'e [[Grutte Marren]] en it eastlike boskgebiet, dy't gauris mei de tipy betize wurdt.
 
==Neiere omskriuwing==