Sintrale Delling (Kalifornje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L wurdkar
 
Rigel 1:
[[File:Map california central valley.jpg|right|thumb|250px|In lânkaart fan 'e Sintrale Delling.]]
De '''Sintrale Delling''' of '''Sintrale Fallei''' ([[Ingelsk]]: ''Central Valley'') is in grutte, platte, fruchtbere [[delling]] dy't de midden fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]] dominearret. Oarspronklik wie dat gebiet oerdutsen mei [[prêrje]], mar sûnt de [[kolonisaasje]] fan 'e krite yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] is it omfoarme ta in [[lânbou]]gebiet, dat benammen wichtich is foar de [[túnbou]] (fan [[sitrusfrucht]]en). De Sintrale Delling is fan east nei west 60-100 km breed en strekt himrint fan it noardnoardwesten nei súdsúdeasten út oer in lingte fan likernôch 720 km. De delling rint lykstrekich mei de kust fan 'e [[Stille Oseaan]], en beslacht in [[oerflak]] fan ûngefear 58.000 km². Dêrmei foarmet it 13,7% fan it totale grûngebiet fan 'e steat Kalifornje.
 
Oan 'e eastkant wurdt de Sintrale Delling omsletten troch de [[Sierra Nevada (Feriene Steaten)|Sierra Nevada]]-bergen oan 'e grins mei de steat [[Nevada]], wylst oan 'e westkant it [[Pasifysk Kustberchtme]] opriist en de delling fan 'e [[Stille Oseaan]] skiedt. Oan 'e noardkant wurdt de Sintrale Delling begrinzge troch de [[Cascades]]-bergen, wylst yn it suden it [[Tehachapi-berchtme]] de ôffreding fan 'e delling is. De Sintrale Delling sels bestiet út twa dielen, de noardlike [[Sacramento-delling]], it streamgebiet fan 'e [[rivier]] de [[Sacramento (rivier)|Sacramento]], en de súdlike [[San Joaquin-delling]], it streamgebiet fan 'e rivier de [[San Joaquin (rivier)|San Joaquin]]. Troch se [[útbaggerjen|út te baggerjen]] binne dy beide rivieren djippernôch wurden dat ferskate stêden yn it binnenlân as [[see]][[haven]] fungearje kinne.