Panhandle fan Floarida: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
 
Rigel 5:
Krekt sa't dat it gefal is mei de oare acht [[Amerikaanske steaten]] dy't ''[[panhandle]]s'' hawwe, is de [[geografy]]ske betsjutting fan it begryp Panhandle fan Floarida ûnsekuer en oprekber. Lykwols kin steld wurde dat mei dizze term yn 'e regel ferwiisd wurdt nei de tsien [[county (Feriene Steaten)|countys]] fan Floarida dy't bewesten de [[rivier]] de [[Apalachicola (rivier)|Apalachicola]] lizze. Net inkeld om't dat in natuerlike grins is, mar ek mei't dat de histoaryske grins tusken de koloanjes [[West-Floarida|West]]- en [[East-Floarida]] wie. Dêrby lizze de ''countys'' bewesten de Apalachicola yn 'e [[Sintrale Tiidsône (Noard-Amearika)|Sintrale Tiidsône]] (útsein [[Gulf County (Floarida)|Gulf County]], dat troch de tiidgrins yn twaen snien wurdt), wylst de rest fan Floarida ta de [[Eastlike Tiidsône (Noard-Amearika)|Eastlike Tiidsône]] heart. Soms wurde lykwols ek ien, mear of allegear fan 'e acht ''countys'' dy't drekt eastlik fan 'e Apalachicola lizze, ta de ''Panhandle'' rekkene.
 
De Panhandle fan Floarida hat in totale befolking fan rom 1,4 miljoen minsken (teljier [[2010]]). De grutste stêd yn it gebiet is [[Tallahassee (Floarida)|Tallahassee]], de haadstêd fan Floarida, mei goed 181.000 ynwenners (2010). Histoarysk stipet de [[ekonomy]] fan it gebiet swier op [[lânbou]], [[boskbou]] en de dêrmei mank geande [[papier]]yndustry. Op it mêd fan 'e lânbou waard der tradysjoneeltradisjoneel fral dien oan [[katoen]]- en [[tabak]]sbou. De tylt fan [[sitrusfrucht]]en, lykas op it skiereilân fan Floarida, hat yn 'e ''Panhandle'' nea foet oan 'e grûn krigen, mei't de [[winter]]s der te strang binne. De haven fan [[Pensacola (Floarida)|Pensacola]] is it wichtichste [[ymport|yn]]- en [[eksport|útfier]]punt fan 'e ''Panhandle'', wêrby't [[Panama City (Floarida)|Panama City]] it twadde plak ynnimt. Oan 'e kust wurdt ek wol dien oan [[skipsbou]] en [[fiskerij]]. Sûnt de [[Twadde Wrâldoarloch]] is de regionale ekonomy sterk groeit troch de fêstiging fan ferskate Amerikaanske militêre bases yn it gebiet, en teffens troch de opkomst fan it [[toerisme]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=