Crowdfunding: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + útspr
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
 
Rigel 1:
'''Crowdfunding''' (útspr.: ['kra:ṷdfʌndɪŋ]; likernôch: "krautfunding"), fan it [[Ingelsk]]e ''crowd'' ("kliber", te witten in kliber folk) en ''funding'' ("finansiering"), is in alternative manear om in projekt te [[finansiering|finansieren]]. Yn 'e regel en tradysjoneeltradisjoneel giet men dêrfoar nammentlik nei de [[bankwêzen|bank]] ta om in [[liening]] ôf te sluten en sa in [[startkaptaal]] te krijen. By crowdfunding wurdt sa'n startkaptaal lykwols troch [[partikulier]]en byinoar brocht nei't de inisjatyfnimmer fan it projekt dêrta in oprop dien hat. Sa'n oprop giet meastal fia it [[ynternet]]. Dêrby kin men fia de [[sosjale media]], lykas [[Facebook]], wurkje, mar der besteane no ek [[webside]]n dy't har spesifyk op it digitaal ûnderstypjen fan crowdfundingsprojekten talizze en dêr in spesjalistysk platfoarm foar biede.
 
By crowdfuning hat de inisjatyfnimmer fan in projekt yn 't foar in ynskatting makke fan it [[jild]]bedrach dêr't hy of sy ferlet fan hat, en dat wurdt by de oprop ta crowdfuning fernijd. Teffens wurdt dêrby meastal oanjûn hoefolle jild oft der al binnenkommen is, sadat men sjen kin hoefier't in projekt hinne is. By guon crowdfundingwebsiden giet it ynvestearre jild net daliks nei it projekt, mar hâldt de webside it yn bewarring oant de folle 100% fan it nedige jild binnenkommen is. Wurdt de 100% net helle, dan wurde de yndividuële bydragen weromstoart op 'e [[bankrekken]]s fan 'e ynvestearders.