Kavia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 11:
IUCN-status= [[IUCN-status]]: n.f.t. ([[húsdier]])
}}
De '''kavia''' ([[Latyn]]ske namme: ''Cavia porcellus''), ek wol '''hûskavia''' neamd om oan te jaan dat it giet om in [[domestisearre bist]] en ta ûnderskie fan 'e oare [[kavia's|kaviasoarten]], is in [[sûchdieren|sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[kavia-eftigen]] (''Caviidae'') en it [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[kavia's]] (''Cavia''). Hoewol't dit bist ek wol bekend stiet as it '''Guineesk bichje''', is it hielendal net nau besibbe oan 'e [[baarch]] en likemin komt it út [[Guinee]]. Feitliks is de kavia ôfkomstich út it [[Andes]]berchtme fan [[Súd-Amearika]], dêr't er troch de befolking tradysjoneeltradisjoneel holden wurdt foar it fleis. Sûnt syn yntroduksje yn 'e [[sechstjinde iuw]] is de kavia yn Westerske lannen in populêr [[húsdier]] wurden.
 
==Skiednis fan 'e kavia as húsdier==
Rigel 21:
Yn [[West-Afrika|West]]-, [[Sintraal-Afrika|Sintraal]]- en dielen fan [[East-Afrika]] wurde kavia's ek foar it fleis holden, en folle mear as dat faak tocht wurdt om't kavia's net fermeld wurde by [[fee]]tellings. It is ûndúdlik wannear't en troch wa't se yn [[Afrika]] yntrodusearre binne, mar yn elts gefal wurde se rûnom holden yn [[Kameroen]], de [[Demokratyske Republyk Kongo]] en it súdwestlike part fan [[Tanzania]]. Sûnt de [[1960]]-er jierren is der fanút Súd-Amearika besocht om 'e konsumpsje fan kaviafleis ek yn [[Jeropa]] en [[Noard-Amearika]] te popularisearjen, mar dat is folslein op 'e non rûn, en yn 'e Westerske wrâld is it iten fan kavia's noch altyd [[taboe]].
 
Behalven as foarm fan iten nimme kavia's ek yn 'e regionale [[folkloare]] fan it Andesgebiet in wichtige rol yn en wurde se dêrsanne útwiksele as presinten. Teffens wurdt oan kavia's genêskrêftige kwaliteiten tatocht, en wurde se troch tradysjoneletradisjonele genêzers, de ''curanderos'', brûkt foar harren rituëlen. Sa spylje se in rol by it [[diagnoaze|diagnostisearjen]] en behanneljen fan [[sykte]]n as [[gielsucht]], [[rimmetyk]], [[artritis]] en [[tyfus]], wêrby't se de sike oer it liif wreaun wurde en sjoen wurde as in boppenatuerlik medium. Swartkleurige kavia's wurde fral tige brûksum achte foar soksoarte wurk, en wurde faak neitiid deamakke en iepensnien, sadat de genêzer oan it yngewant ôflêze kin oft de behanneling effekt hân hat. Sokke genêswizen wurde yn ôfhandige dielen fan 'e Andes, dêr't de moderne Westerske sûnenssoarch ûnskikber is of net fertroud wurdt, noch altyd rûnom akseptearre.
[[File:Cavia_porcellus_002.jpg|right|thumb|220px|In kavia op 'e earm.]]
 
Rigel 29:
[[File:Black-haired_Peruvian_guinea_pig.JPG|left|thumb|250px|In swarte "Perûviaan", sa't dit ras neamd wurdt.]]
 
De ierst bekende yllustraasje fan in kavia makket diel út fan in [[skilderij]] troch in anonym [[keunstner]] dat yn 'e [[Nasjonale Portretgallery]] yn [[Londen]] hinget en om [[1575]] hinne datearre wurdt. Dêrop is in famke yn in tradysjoneletradisjonele [[Elizabetaanske Tiid|elizabetaanske]] jûpe te sjen dy't in kavia yn har hannen hâldt en flankearre wurdt troch har beide bruorren, wêrfan't de iene in domestisearre [[fûgel]] op 'e earm hat. Hjoed de dei komme der in grut tal kaviarassen en fariëteiten foar, dy't har benammentlik faninoar ûnderskiede troch ferskillen yn grutte en yn kleur en lingte fan it [[hier (begroeiïng)|hier]]. Hoewol't kavia's yn it Westen beslist net iten wurde, hat men der frjemd genôch gjin muoite mei om se te brûken foar eksperiminten yn [[laboratoarium|laboratoaria]]; yn it [[Ingelsk]] is de gongbere namme foar dit bist, ''guinea pig'', sels frijwol synonym wurden mei "[[proefdier]]".
 
==Uterlike skaaimerken==