Brief oan de Hebreeërs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 29:
 
==Skriuwer en oarsprong==
It ''Brief oan de Hebreeërs'' is wat in frjemde ein yn 't byt mank de brieven yn it Nije Testamint. It is dreech om goed te krijen dat it troch de [[apostel]] [[Paulus]] skreaun is, mar it heart likemin ta de ''[[Algemiene Seinbrieven]]'', it espeltsje brieven dat nèt fan Paulus syn hân is. De tekst fan ''Hebreeërs'' jout neat priis oangeande de [[skriuwer]], en hoewol't oangeande it auteurskip tradysjoneeltradisjoneel faak oan Paulus tocht waard, wie dat net mear as in gissing. Bibelwittenskippers, [[teolooch|teologen]] en [[taalhistoarikus|taalhistoarisy]] binne hjoed de dei mienriedich dat de taskriuwing oan Paulus net fol te hâlden is. De opbou en it taaleigen fan ''Hebreeërs'' binne folle wolsprekkender en folle kreazer ôfwurke as yn 'e oare brieven fan Paulus (of yn hokker oar nijtestamintysk boek ek); it brief wurdt datoangeande beskôge as in wier masterwurk. Fierders besteane der guon lytse mar opfallende ferskillen tusken ''Hebreeërs'' en de brieven fan Paulus op it mêd fan it boadskip dat útdroegen wurdt, en boppedat wie Paulus oars nea skruten om yn 'e tekst sels it auteurskip op te easkjen, dat wêrom soed er dat yn dit gefal dan ynienen wol wêze? In [[trêde iuw|trêde-iuwske]] teolooch sei: ''"Allinne God wit wa't dit brief skreaun hat."'' Dat mei wier wêze, mar it hat bibelwittenskippers út dy tiid en fan letter der net fan wjerholden om dernei te rieden. Behalven Paulus binne bgl. de apostels [[Barnabas (apostel)|Barnabas]] en [[Lukas (apostel)|Lukas]], [[Paus Klemins I|Klemins fan Rome]], [[Apollos]] (in foaroanman fan 'e ier kristlike gemeente yn [[Aleksandrië]]) en Paulus syn meiwurkster [[Prissilla]] neamd.
 
''Hebreeërs'' is nei alle gedachten skreaun oan in mingde mienskip fan kristene [[Joaden]] en [[heidendom|heidens]], wierskynlik yn [[Rome (stêd)|Rome]], mar [[Jeruzalim]] soe ek mooglik wêze. It doel fan it brief wie om 'e kristenen oan te fiterjen om harren [[leauwe]] trou te bliuwen ek al waarden se ferfolge. It sintrale tema is it learstik fan 'e [[Kristus]] as midsman tusken [[God]] en de [[minske|minskheid]]. As datearring wurdt de twadde helte fan it jier [[63]] of it begjin fan [[64]] it meast wierskynlik achte. Om't [[Marten Luther]] de ''Hebreeërs'' as [[apokryf]] beskôge, wurdt dit brief yn 'e mande mei twa fan 'e ''[[Algemiene Seinbrieven]]'' en de ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'' yn lutherske bibels noch altiten los fan 'e [[kanon]] byinoar yn in aparte taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint ôfdrukt.