Ferskil tusken ferzjes fan "Batsjêba"

19 bytes grutter ,  3 jier lyn
→‎Libben: -+ afbeelding
L ([[]])
(→‎Libben: -+ afbeelding)
 
Yn ''[[2 Samuël]]'' 11:2-5 wurdt ferteld hoe't kening David ris tsjin 'e jûntiid op it dak fan syn [[paleis]] yn [[Jeruzalim]] omkuiere, dêr't er wei útsjen koe oer de [[stêd]]. Dy jûns seach er Batsjêba, dy't op har eigen gerjochtichheid yn 'e bûtenloft oan it baaien wie. Hy begearde har daliks en stjoerde boaden út om har by him te bringen. Neffens it ferhaal hied er doe [[geslachtsferkear]] mei har wylst se noch yn 'e reinigingstsjinst wie nei't se [[menstruaasje|de regels]] hân hie. Neitiid die bliken dat Batsjêba [[swierwêzen|swier]] rekke wie en dat nijs liet se oan 'e kening oerbringe.
[[File:Gerome_BethsebaBethsabée, by Jean-Léon Gérôme.jpg|left|thumb|250px|Batsjêba sa't [[David fan Israel|David]] har sjoen hawwe soe, skildere troch [[Jean-Léon Gérôme]].]]
 
Doe siet David der al nuver foar, want Batsjêba har man Oería wie mei it leger yn it fjild en naam diel oan it belis fan [[Rabba (stêd)|Rabba]], de haadstêd fan [[Keninkryk Ammon|Ammon]] (it hjoeddeiske [[Amman]], yn [[Jordaanje]]). De kening besocht syn skanddie geheim te hâlden troch Oería as boadskipper werom te roppen nei Jeruzalim, yn 'e hope dat er mei syn frou sliepe soe, sadat it lykje soe as wie it bern sines. De plichtsgetrouwe Oería wegere lykwols om yn syn eigen bêd te sliepen salang't syn maten by Rabba noch striid leveren, en joech him ynstee by de yngong fan it paleis op 'e grûn del.
63

bewurkings