Kriesk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Kro (taal) to Kriesk: op fersyk
L red
Rigel 1:
{{Universele ynfoboks taal
| namme = KroKriesk
| oare namme(n) = Crow, Absaroka
| eigen namme = ''Apsáalooke''
Rigel 6:
| tal sprekkers = 3.000 <small>(2007)</small>
| skrift = [[Latynsk alfabet]]
| taalfamylje = ● [[Sûaanske talen|Sûaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;● [[Westsûaanske talen|Westsûaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;● [[Missourydelling-Sûaanske talen|Missourydelling-Sûaansk]]<br> &nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;&nbsp;● '''KroKriesk'''
| dialekten =
| offisjele status=
Rigel 14:
| ISO 639-3 = cro
}}
It '''Kriesk''' of '''Kro''' ([[Ingelsk]]: ''Crow''; KroKriesk: ''Apsáalooke'', útspr.: [ə'psa:ɾo:ɡe:], likernôch: "uh-psaa-roo-gee"), is de lânseigen [[taal]] fan 'e [[KroKrie (folk)|KroKrie]] (''Crow''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] [[folk]] fan 'e eastlike [[Rocky Mountains]] en de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. De taal wurdt ek wol '''Absaroka''' neamd, dat in [[Ingelsk]]e ferbastering fan it [[autonym]] is. It KroKriesk is in [[Westsûaanske talen|Westsûaanske taal]], dy't ta de gruttere [[Sûaanske talen|Sûaanske]] [[taalfamylje]] heart. It is nau besibbe oan it [[Hidatsa (taal)|Hidatsa]], wêrmei't it de [[Missourydelling-Sûaanske talen|Missourydelling-Sûaanske taalgroep]] foarmet. It KroKriesk is mei likernôch 3.000 sprekkers ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan 'e Feriene Steaten.
 
==Sprekkers==
Neffens in [[taalkunde|taalkundich ûndersyk]] út [[2007]] fan [[Victor Golla]] wiene der doe noch 3.000 sprekkers fan it KroKriesk. Hoewol't dêrby net oanjûn is hoe't de ferdieling yn [[memmetaal]]sprekkers en [[twadde taal|twadde-taal]]sprekkers wie, docht it KroKriesk it dêrmei in stik better as de measte oare Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten. In soad fan dy talen hawwe nammentlik heechút noch inkele hûnderten sprekkers, wylst in oansjenlik tal op it rântsje fan it [[útstoarne taal|útstjerren]] balansearret. Mei in oantal fan 3.000 minsken leit it sprekkerspersintaazje fan it KroKriesk yn ferhâlding mei de [[KroKrie (folk)|KroKrie]] as [[etnyske groep]] op 25%.
 
Dêrby moat lykwols al oantekene wurde dat in grut diel fan 'e sprekkers ta de âlderein heart. Ut gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[1991]] die bliken dat der dat jiers noch 4.280 sprekkers wiene. Yn ferhâlding mei it oantal fan 3.000 sprekkers yn [[2007]] giet it om in ôfname fan 29,9% oer in perioade fan 15 jier. Boppedat kaam út it taalûndersyk fan [[2007]] ek nei foarren dat it grutste part fan 'e jongerein it KroKriesk net floeiend sprekt, en dat it oergrutte part fan 'e floeiende sprekkers âlder as tritich jier wie, oftewol foàr [[1975]] berne wie.
 
Yn syn ''A Grammar of Crow'', ek út [[2007]], skreau R. Graczyk lykwols dat der oars as by oare Yndiaanske talen, yn 't bysûnder dy fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]], yn it gefal fan it KroKriesk noch sprekkers fan alle leeftiden wiene. Ek murk er op dat der "''noch teminsten guon"'' [[bern (persoan)|bern]] wiene dy't it KroKriesk as [[memmetaal]] learden. Fierders wiene neffens him op inkelen fan 'e alderâldsten nei alle KroKriesk-sprekkers ek floeiend yn it [[Ingelsk]], en koene frijwol alle leden fan 'e jongerein dy't it KroKriesk net sels sprieken, it wol ferstean. Likegoed waard it KroKriesk yn [[2012]] troch de [[UNESCO]] as "beslist bedrige" klassifisearre. Der wurdt fanút 'e Kro-mienskipKrieëmienskip sels yn tanimmende mjitte besocht om it KroKriesk te behâlden en te refitalisearjen.
 
==Alfabet==
It KroKriesk wurdt skreaun mei in [[Latynske alfabet|Latynsk]] [[alfabet]] dat út 19 [[letter]]s bestiet. De letters f, g, j, q, r, v, y en z komme net foar, en de c allinnich yn kombinaasje mei de h as ch.
{| style="font-family:Microsoft Sans Serif; font-size:1.4em; border-color:#000000; border-width:1px; border-style:solid; border-collapse:collapse; background-color:#F8F8EF"
| style="width:3em; text-align:center; padding: 3px;" | A a
Rigel 55:
 
==Fonology==
It KroKriesk omfiemet fiif ûnderskate [[fokaal|fokalen]], wêfan't de ''a'' ([a], lykas yn "lam"), ''i'' ([i], lykas yn "wyt") en ''u'' ([u], lykas yn "tûk") ek yn lange foarm foarkomme: ''aa'' ([a:], lykas yn "laad"), ''ii'' ([i:], lykas yn "wiid") en ''uu'' ([u:], lykas yn "lûd"). De ''e'' ([e:], lykas yn "bleek") en de ''oo'' ([o:], lykas yn "loop") komme inkeld as lange lûden foar. Fierders binne der twa [[diftong]]en, ''ia'' en ''ua'', en ien marzjinale diftong, ''éa'' dy't him yn mar twa wurden foardocht ''déaxa'' ("helder") en ''béaxa'' ("út en troch").
 
Op it mêd fan 'e [[konsonant]]en hat it KroKriesk mar in tige beheinde klankynventaris. De ''h'', ''k'', ''m'', ''n'', ''p'', ''s'' en ''t'' wurde krekt as yn it [[Frysk]] útsprutsen. De ''ch'' is de [ʧ], de begjinklank fan "tsjerke", en krektsa is de ''sh'' de [ʃ], de begjinklank fan "sjippe". De ''x'' is de [x], dy't yn it Frysk as "ch" skreaun wurdt, lykas yn "berch". De ''b'' ([b]) en ''w'' ([w], lykas yn "skowe") komme inkeld foar as [[allofoan]]en fan 'e ''m'', en krekt-en-gelyk komme de ''d'' ([d]) en ''l'' ([l]) allinnich mar foar as allofoanen fan 'e ''n''. Fierders hat it [[foneem]] ''k'' in [[palatalisaasje|palatalisearre]] allofoan [kʲ] (kj fan "kjers"), dy't foarkomt nei ''i'', ''e'', ''ch'' en ''sh'', faak yn wurdeinige posysje. Ek de [[glottisslach]] ([ʔ]) de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje", komt yn it KroKriesk foar, mar wurdt net skreaun.
 
Fierders is ek [[aspiraasje]], it útsprekken fan [[plofklank]]en mei in lyts h-ke derefteroan (lykas yn 'e bekende [[Grinslânsk]]e útspraak fan ''Marthinithoren''), yn it KroKriesk in wichtich ferskynsel. Plofklanken wurde aspirearre as se oan it begjin of de ein fan in wurd steane, wannear't se ferdûbele wurde (bgl. [ppʰ]) en as se efter in oare plofklank oan komme (bgl. [ptʰ]). Plofklanken yn in konsonantekluster mei de ''h'' as earste klank (''hp'', ''ht'', ''hk'') bliuwe ûnaspirearre. Ferdûbeling fan konsonanten komt inkeld yn ynterfokale (tuskenlûdige) posysje foar. Yn dyselde posysje wurdt de ''sh'' faak stimhawwend, en klinkt er dus as [ʒ] (zj lykas yn "bagaazje"). De ''s'' wurdt soms ek stimhawwend útsprutsen, as "z", mar de ''x'' is nea stimhawwend.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 65:
}}
 
[[Kategory:KroKrieën (folk)]]
[[Kategory:Sûaanske talen]]
[[Kategory:Yndiaanske taal]]