Kriesk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 14:
| ISO 639-3 = cro
}}
It '''Kriesk''' of '''Kro''' ([[Ingelsk]]: ''Crow''; Kriesk: ''Apsáalooke'', útspr.: [ə'psa:ɾo:ɡe:], likernôch: "uh-psaa-roo-gee"), is de lânseigen [[taal]] fan 'e [[Krie (folk)|Krie]] (''Crow''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] [[folk]] fan 'e eastlike [[Rocky Mountains]] en de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. De taal wurdt ek wol '''Absaroka''' neamd, dat in [[Ingelsk]]e ferbastering fan it [[autonym]] is. It Kriesk is in [[Westsûaanske talen|Westsûaanske taal]], dy't ta de gruttere [[Sûaanske talen|Sûaanske]] [[taalfamylje]] heart. It is nau besibbe oan it [[Hidatsa (taal)|Hidatsa]], wêrmei't it de [[Missourydelling-Sûaanske talen|Missourydelling-Sûaanske taalgroep]] foarmet. It Kriesk is mei likernôch 3.000 sprekkers ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan 'e Feriene Steaten.
 
==Sprekkers==