Sittende Bolle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 22:
 
== Jonkheid ==
Ornaris wurdt steld dat Sittende Bolle om [[1831]] hinne berne waard oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]], yn it [[Dakota (territoarium)|Dakota-territorium]], al hold syn oerpaksizzer yn [[2007]] op grûn fan [[oerlevering|mûnlinge oerlevering]] út dat er oan 'e rivier de [[Yellowstone (rivier)|Yellowstone]] berne waard, justjes besuden it hjoeddeiske [[Miles City (Montana)|Miles City]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]]. Syn heit wie Springende Bolle en syn mem hiet fan Har-Hillige-Doar. Nei de Lakota-tradysje krige er letter ien fan syn heite nammen taparte, Tȟatȟáŋka Íyotake, dat "Sittende Bolle" betsjut, en ferwiist nei syn heite liederskip yn in grutte slach tusken de Lakota en de [[KroKrieën (folk)|KroKrieën]]. Sittende Bolle troude letter fiifris, mei Ljocht Hier, Fjouwer Kladen, Snie-op-Har, Sjoen-troch-Har-Folk en Skarlekkene Frou. Hy krige yn elts gefal twa bern, in soan, [[Kraaiepoat (soan fan Sittende Bolle)|Kraaiepoat]], en in dochter, Mannich Hynder. Fierders hied er noch in oannommen soan, [[Ien Bolle]], en twa oannommen dochters, Rint Sjende en [[Annie Oakley]]. Sittende Bolle wie in lid fan 'e [[Hûnkpapa]]-stamme fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]]. De Lakota binne ien fan 'e trije útsprantels fan 'e [[Sû (folk)|Sû]], yn 'e mande mei de [[Westlike Dakota (folk)|Westlike Dakota]] en [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]].
 
De [[Dakota-Oarloch fan 1862]], ûnder de [[Amerikaanske Boargeroarloch]], wêrby't de Eastlike Dakota yn [[Minnesota]] tusken de 300 en 800 blanke kolonisten by ombrochten, wiene de Lakota sadwaande net yn behelle. De Amerikanen makken by harren represaillemaatregels lykwols gjin ûnderskie tusken Dakota en Lakota, en yn juny [[1864]] foelen twa brigades fan it [[Amerikaanske Leger]] (sa'n 2.200 man) ûnder generaal [[Alfred Sully]], in Lakota-doarp oan. Yn dy [[Slach by Killdeer Mountain]] waarden de ferdigeners oanfierd troch [[Gal (opperhaad)|Gal]], [[Reade Mûtse]] en Sittende Bolle. Dat wie syn earste gefjocht tsjin 'e blanken. De Lakota moasten dêrby úteinlik belies jaan, mar skermutselingen holden oan oant yn augustus. Yn septimber kamen Sittende Bolle en sa'n hûndert oare Hûnkpapa in lyts selskip blanke kolonisten begelaat troch soldaten oer 't mad dêr't no [[Marmarth (Noard-Dakota)|Marmarth]], yn [[Noard-Dakota]], leit. Hja wiene troch in karafaan fan [[kapwein]]en efterlitten om in oer de kop sleine wein te reparearjen. Doe't er de oanfal op harren late, waard Sittende Bolle troch in soldaat yn 'e lofterheup sketten, mar rekke net al te swier ferwûne.