Ferdrach fan Fort Laramie (1851): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
L red |
||
Rigel 2:
It '''Ferdrach fan Fort Laramie''' wie in oerienkomst dy't op [[17 septimber]] [[1851]] sletten waard tusken it [[regear]] fan 'e [[Feriene Steaten]] en beskate [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en út it gebiet fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Hoewol't in protte [[jeropide ras|blanke]] kolonisten ûnderweis nei fêstigingsgebieten yn [[Oregon]] en [[Kalifornje]] tsjin dy tiid al oer de Flakten tein wiene, foel harren oantal yn it neat by de stream [[migrant]]en dy't op gong kommen wie nei it útbrekken fan 'e [[Kalifornyske Goudkoarts]], yn [[1849]]. De measten fan dy lânferhuzers teagen nei it [[Wylde Westen|Westen]] ta oer it ferneamde [[Oregon Trail]], in rûte dy't troch it wengebiet fan ferskate Yndiaanske folken rûn. Sadwaande besocht de Amerikaanske oerheid troch ûnderhannelings mei dy Yndianen ta in soarte fan [[rjocht fan reed]] te kommen, dat de feilichheid fan 'e reizgers waarboargje soe.
Yn [[Fort Laramie]], yn it súdeasten fan wat letter de [[Amerikaanske steat]] [[Wyoming]] wurde soe, waarden ûnderhannelings fierd tusken folmachten fan it Amerikaanske regear en fertsjintwurdigers fan 'e [[Arapaho (folk)|Arapaho]], [[Arikara (folk)|Arikara]], [[Assiniboin (folk)|Assiniboin]] (''Assiniboine''), [[Hidatsa (folk)|Hidatsa]], [[
De [[Amerikaanske Senaat]] feroare letter op eigen manneboet de doer fan 'e jierjildbetellings sa't dy fêstlein wiene yn kêst 5 fan it ferdrach, fan fyftich jier nei tsien jier. Fan alle dielnimmende folken útsein de
{{boarnen|boarnefernijing=
|