William W. Cooke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Canadian_Red_Ensign_1868-1921.svg ferfange troch Canadian_Red_Ensign_(1868-1921).svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed:).
L red
Rigel 44:
Under de Grutte Sû-Oarloch tsjin 'e [[Lakota (folk)|Lakota]], [[Noardlike Sjajinnen]] en [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]], focht Cooke op [[25 juny]] [[1876]] mei yn 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], yn súdlik [[Montana]]. Foarôfgeande oan 'e [[fjildslach]] dielde Custer syn regimint yn fjouwer parten op: trije [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]] ûnder [[majoar]] [[Marcus Reno]] soene de Yndianen út it suden wei oanfalle, trije kompanjyen ûnder [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Frederick Benteen]] riden nei it súdwesten ta om in ferwachte flecht fan 'e Yndianen yn dy rjochting ôf te snijen, ien kompanjy ûnder kaptein [[Thomas McDougall]] waard efterholden as reserve en om 'e [[bagaazjetrein]] fan it regimint te beskermjen, en de oare fiif kompanjyen ûnder Custer sels rieden om en soene de Yndianen út it noarden wei oanfalle. Dy oanfal waard lykwols ôfslein en nei in gaoatyske flecht rekken de oerlibbenen fan 'e fiif kompanjyen op in [[heuvel]]top ynsletten dy't letter Custer Hill neamd waard. Dêr waarden se oan 'e lêste man ta útrûge troch de Yndiaanske [[kriger]]s. As adjudant fan Custer bleau Cooke ûnder de slach oan 'e side fan syn kommandant en kaam er mei Custer om op Custer Hill.
 
It lêste berjocht fan Custer syn detasjemint waard foarme troch skreaune oarders dy't troch [[trompet]]ter [[Giovanni Martini|John Martin]] oerbrocht waarden oan kaptein Benteen: "Kom... grut doarp, opsjitte... bring pakken." ("Pakken" ferwiisde nei de [[munysje|reservemunysje]] fan 'e [[bagaazjetrein]].) Dit boadskip wie skreaun troch Cooke. Doe't Benteen mei syn troepen lykwols it slachfjild benei kaam, berikte him de [[KroKrieën (folk)|KroKrieske]]- [[ferkenner]] [[Heal Giel Gesicht]], dy't him opmerksum makke op 'e sitewaasje dêr't it detasjemint fan majoar Reno doe yn ferkearde. Reno syn oanfal wie nammentlik ôfslein, en hy waard no troch de Yndianen belegere op in [[klif]] boppe de [[rivier]]. Om't Benteen derfan oertsjûge wie dat Custer syn oarders oan him op [[selsmoard]] delkamen fanwegen it ûnferwachts grutte nûmerike oermacht fan 'e fijân, keas er der doe foar om it befel te negearjen en Reno syn oansleine troepen op it klif te fersterkjen. Dêrmei wie it lot fan Custer-en-dy besegele.
 
==Neisleep==