Frank B. Linderman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 31:
Fan [[1903]] ôf fertsjintwurdige Linderman [[Madison County (Montana)|Madison County]] yn it [[Steatskongres fan Montana]]. Fan [[1905]] oant [[1907]] beklaaide er it amt fan [[steatssiktaris (Amerikaanske steaten)|ûndersteatssiktaris]]. Letter waard troch syn krewearjen yn [[1916]] it [[Rocky Boy's Yndianereservaat]] stifte foar de [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]]- en [[Kry (folk)|Kry]]-Yndianen yn Montana. Yn [[1924]] besocht Linderman in sit yn 'e [[Amerikaanske Senaat]] te bemachtigjen. Hy wûn de [[foarferkiezings]] fan 'e [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]], mar ferlear neitiid by de eigentlike [[ferkiezings]] fan syn sittende [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske]] tsjinstanner [[Thomas J. Walsh]].
 
Neitiid lei Linderman him benammen ta op it skriuwen en publisearjen fan [[folkekunde|folkekundige]] [[non-fiksje]]wurken oer de [[Yndianen]] fan [[Montana]]. De bekendsten dêrfan wiene ''American: The Life Story of a Great Indian - Plenty-coups, Chief of the Crows'', út [[1930]], oer it [[KroKrieën (folk)|KroKrieske]]- [[opperhaad]] [[Mannich Kûp]], en ''Red Mother'', út [[1932]], oer de Kro-Krieske [[medisynfrou]] [[Moai Skyld]]. Dat lêste wurk wie wierskynlik de earste publisearre beskriuwing fan in [[frou]]lik [[Yndianen|Yndiaansk]] [[biografy|libben]] ea, en waard yn [[2003]] werútjûn ûnder de titel ''Pretty-Shield: Medicine Woman of the Crows''.
 
Linderman kaam op [[12 maaie]] [[1938]], yn 'e âlderdom fan 68 jier, te fersjerren yn it [[Kalifornje|Kalifornyske]] [[Santa Barbara (Kalifornje)|Santa Barbara]].