George Crook: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 59:
Fan [[1875]] oant [[1882]] wie Crook kommandant fan it militêre Departemint fan 'e [[Platte (rivier)|Platte]], dat in grut part fan 'e noardlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] omfette. Hy wie yn dy snuorje legere yn [[Fort Omaha]], yn it hjoeddeiske [[North Omaha (Nebraska)|North Omaha]], yn [[Nebraska]]. Under de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876|Grutte Sû-Oarloch]] focht er yn [[1876]] en [[1877]] tsjin 'e [[Lakota (folk)|Lakota]], de [[Noardlike Sjajinnen]] en de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]]. Oan it begjin fan dy oarloch, yn [[maart]] [[1867]], joech er ûnder barre winterske omstannichheden lieding oan 'e [[Bighorn-ekspedysje]], hoewol't er net persoanlik belutsen wie by de [[Slach oan de Powderrivier (1876)|Slach oan de Powderrivier]], it grutste treffen fan dy fjildtocht.
 
Under de simmerkampanje befocht er op [[17 juny]] fan datselde jier, nei in eardere [[skermutseling]] yn 'e [[Slach by Prairie Dog Creek (1876)|Slach by Prairie Dog Creek]], de Lakota en Noardlike Sjajinnen fan it [[opperhaad]] [[Mâl Hynder]] yn 'e [[Slach oan de Rosebud]]. Om't er oan 'e ein fan dy [[fjildslach]] yn it besit fan it slachfjild efterbleau, bewearde er sels dat er in oerwinning boekt hie, mar [[histoarikus|histoarisy]] binne it deroer iens dat de Yndianen eins Crook syn opmars ta stilstân brocht en dêrmei syn troepen effektyf útskeakele hiene, wat harren by steat stelde om sûnder syn bemuoienis yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] ôf te weven mei it [[Amerikaanske 7e Kavaleryregimint]] fan luitenant-kolonel [[George Armstrong Custer]]. Boppedat wiene it Crook syn [[KroKrieën (folk)|KroKrieske]]- en [[Sjosjoanen|Sjosjoanske]] ferkenners dy't syn troepemacht yn 'e Slach oan de Rosebud trijeris fan 'e ûndergong rêden.
 
Nei't er einlings fersterkings en nije [[munysje]]foarrieden krigen hie, sette Crook syn opmars yn [[augustus]] fuort, mar dêrby wist er net folle te bedijen. Uteinlik rekken ûnder dy fjildtocht, dy't bekend kaam te stean as de [[Hynstefleismars]], de itensfoarrieden op en wiene syn [[kavalerist]]en twongen en yt har eigen hynders op. Pas mids [[septimber]] wist Crook yn 'e [[Slach by Slim Buttes]] in doarp fan 'e [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]] oer it mad te kommen, wat ta in fûleindich gefjocht late wêrby't it opperhaad [[Amerikaansk Hynder de Aldere]] sneuvele. Doe't Amerikaanske Hynder syn [[frou]]lju en [[bern (persoan)|bern]] har oerjoegen, en jitris doe it deadlik ferwûne opperhaad en de lêsten fan syn folgelingen de striid opjoegen, weage Crook him persoanlik yn 'e fjoerliny fan syn sjitgrage [[manskip]]pen om 'e Yndianen nei feilichheid te lieden.