Mannich Kûp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 5:
| echte namme = Alaxchíia Ahú
| oare namme(n) = ''Plenty Coups''
| nasjonaliteit = [[File:Flagge fan de Kro Stamme.png|20px]] [[KroKrieën (stammefolk)|KroKriesk]] <br>[[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]
| berne = [[1848]]
| berteplak = by [[Billings (Montana)|Billings]] ([[Montana]])
| stoarn = [[1932]]
| stjerplak = by [[Pryor (Montana)|Pryor]] ([[Montana]])
| etnisiteit = [[File:Flagge fan de Kro Stamme.png|20px]] [[KroKrieën (stammefolk)|KroKriesk]]
| berop/amt = [[opperhaad]] fan de [[KroKrieën (stammefolk)|KroKrieën]]
| aktyf as =
| jierren aktyf = [[1876]] – [[1932]]
Rigel 19:
| webside =
}}
'''Mannich Kûp''' ([[Ingelsk]]: ''Plenty Coups''; [[Kro (taal)|KroKriesk]]: ''Alaxchíia Ahú''; wierskynlik by [[Billings (Montana)|Billings]] ([[Montana]]), [[1848]] – by [[Pryor (Montana)|Pryor]] ([[Montana]]), [[1932]]) wie in [[opperhaad]] fan 'e [[KroKrieën (folk)|KroKrieën]] (''Crow''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] [[folk]] fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Under syn liederskip sleaten de KroKrieën in ferbûn mei de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] tsjin harren tradysjonele fijannen, de [[Lakota (folk)|Lakota]], de [[Noardlike Sjajinnen]] en de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]]. Mannich Kûp leaude dat ferset tsjin 'e [[kolonisaasje]] fan it [[Wylde Westen|Westen]] troch de [[jeropide ras|blanken]] ta de ûndergong fan syn folk liede soe. Dêrom besocht er de KroKrieën freedsum troch dy ûnlijige tiid te loadsen, sadat harren [[kultuer]] en [[religy]] beholden bliuwe soene.
 
==Libben==
===Jonkheid===
Mannich Kûp waard yn [[1848]] berne op in plak dat troch syn folk de Kliffen sûnder Namme neamd waard, wierskynlik yn 'e neite fan it hjoeddeistige [[Billings (Montana)|Billings]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Montana]]. Syn heit wie Medisynfûgel en syn mem hiet fan Otter. Hja wiene allebeide lid fan 'e stamme fan 'e Berch-KroKrieën, ien fan trije dielen fan it [[folk]] fan 'e [[KroKrieën (folk)|KroKrieën]] (''Crow''). As [[bern (persoan)|bern]] droech Mannich Kûp de namme Bizonbolle-Dy't-yn-'e-Wyn-op-Sjocht (Ingelsk: ''Buffalo-Bull-Facing-the-Wind''; KroKriesk: ''Chíilaphuchissaaleesh''). Nei't er as foege jonge troch dieden fan dapperheid it rjocht wûn hie om him in [[kriger]] te neamen, krige er nei de wizânsje fan syn folk in oare namme. Syn pake foarsei dat er in grut opperhaad wurde en lang libje soe, en dat er withoefolle grutte dieden ferrjochtsje soe. Dêrom neamde de âldman him Mannich Kûp, nei it [[Yndianen|Yndiaanske]] begryp [[kûp (Yndiaansk gebrûk)|kûp]] (likernôch: "dappere die").
 
Ier yn syn libben krige Mannich Kûp geregeldwei [[fizioen]]en en foarsizzende [[dream]]en. In protte dêrfan lieken sa fiersocht, dat er earst net leaud waard, mar doe't se dochs útkamen, begûnen syn folksgenoaten mear acht te slaan op Mannich Kûp syn sizzen. Doe't er alve jier âld wie, krige er in fizioen wêrby't er in protte [[Amerikaanske bizon|bizons]] op 'e flakten seach, dy't lykwols foar syn eagen weiwaarden. Doe kamen der út in gat yn 'e grûn nuveraardige oarsoartige bizons, mei frjemde sturten en surreälistyske bûnte kleuren, dy't in apart âljend lûd makken. Dêrfan kamen der almar mear, oant se úteinlik de hiele flakten oerdieken. Dêrnei seach Mannich Kûp in [[wâld]], wêrfan't de [[beam]]men troch in [[stoarm]]wyn omblaasd waarden, allegear útsein ien wêryn't de [[Amerikaanske mies]] (''chickadee'') nestele.
 
De stamâldsten fan 'e KroKrieën ynterpretearren dat fizioen as in warskôging dat de [[Yndianen]] (de bizons) ferdwine soene en op 'e flakten ferfongen wurde soene troch [[jeropide ras|blanken]] ([[ko|kij]]). Krektsa soene de blanken (stoarmwyn) alle Yndiaanske folken (beammen) derûnder bringe, behalven de KroKrieën (beam mei de Amerikaansk miezen), as dy mar leare koene hoe't se mei de blanken gearlibje moasten. Neitiid naam Mannich Kûp de Amerikaanske mies foar syn [[geastegids]] oan, en droech er yn syn [[medisynponge]] altyd in pear poaten fan it Amerikaanske mies by him.
 
Yn 'e jierren dy't folgen, wie Mannich Kûp aktyf as kriger yn [[skermutseling]]s mei en oerfallen op oare Yndiaanske stammen. Dat wiene benammen de [[Lakota (folk)|Lakota]] en de [[Noardlike Sjajinnen]], dat tradysjonele fijannen fan 'e KroKrieën wiene. Mannich Kûp helle dêrby ferskate huzarestikjes út. Sa klaaide er him 'e hûd fan in [[grize wolf]] en ferkende sa gauris de direkte omkriten fan in kamp fan 'e fijân. Ek joech er lieding oan 'e Kro-Krieske krigers by ferskate oerfallen, wêrfoar't er sels it plan betocht hie. De heechste eare foel in kriger dêrby ta diel, dy't in wapen of [[hynder]] fan 'e fijân stiel of dy't in fijân oanrekke sûnder dy te ferwûnjen of sels ferwûne te reitsjen, en Mannich Kûp die al dy dingen ferskate kearen. Sa boude er in reputaasje fan moed en skranderens op, dy't er behalven yn wapene konfrontaasjes ek yn stammegearkomsten ynsette koe, mei't er in begenedige sprekker wie.
 
===Opperhaad===
Mei 28 jier waard Mannich Kûp yn [[1867]] in [[opperhaad]] fan 'e Berch-Crow. Tsjin dy tiid hied er tusken de fyftich en hûndert fearren oan syn [[kûp (Yndiaansk gebrûk)|kûpstôk]], dy't allegearre in moedige die symbolisearren. Datselde jiers briek ek de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] út wêrby't it [[Amerikaanske Leger]] nei in ferpletterjende nederlaach yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] úteinlik foargoed ôfweefde mei de Lakota en Noardlike Sjajinnen. Mannich Kûp wie yn dy striid in bûnsgenoat fan 'e Amerikanen, en naam diel oan ferskate [[fjildslach|fjildslaggen]] en mindere skermutselings mei de tradysjonele fijannen fan syn folk, wêrûnder de grutte [[Slach oan de Rosebud]].
 
Neitiid waard Mannich Kûp troch syn folk nei de Amerikaanske haadstêd [[Washington, D.C.]] ta stjoerd om 'e belangen fan 'e KroKrieën feilich te stellen. Hy kearde him mei súkses tsjin it plan fan ferskate Amerikaanske [[senator]]s om it [[KroKrieë Yndianereservaat]] mar op te heffen, al koed er net foarkomme dat de KroKrieën 20% fan har grûngebiet kwytrekken. Hy besefte dat se likegoed noch bliid wêze mochten, want in protte oare Yndiaanske folken waarden yn dyselde snuorje út har heitelân wei [[deportaasje|deportearre]] nei hiele oare dielen fan 'e [[Feriene Steaten]]. Tusken [[1877]] en [[1890]] ûndernaam Mannich Kûp ferskate kearen de lange reis nei Washington ta om 'e KroKrieën dêre te fertsjintwurdigjen.
 
Mannich Kûp seach al ier yn dat [[ûnderwiis]] krúsjaal wie foar it fuortbestean fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Ien fan syn bekendste sitaten wie: ''"Underwiis is jins machtichste wapen. Mei ûnderwiis is men de gelikense fan 'e blanke; sûnder ûnderwiis is men syn slachtoffer en sil men dat jins hiele libben bliuwe."'' Oan 'e ein fan 'e [[Earste Wrâldoarloch]] wie hy as iennichste Yndiaanske lieder oanwêzich by de ynwijing fan it [[Grêf fan de Unbekende Soldaat]], yn 'e Amerikaanske haadstêd, dêr't er in koarte [[taspraak]] yn it [[Kro (taal)|KroKriesk]] joech en syn [[fearretoai]] en [[kûp (Yndiaansk gebrûk)|kûpstôk]] op it grêf pleatste, dêr't se noch altyd preservearre wurde yn in glêzene kiste.
 
===Ferstjerren===
Yn [[1928]] waard Mannich Kûp yn it [[KroKrieë Yndianereservaat]] opsocht troch de [[auteur]] [[Frank B. Linderman]], dy't him holp om syn [[autobiografy]] te skriuwen. It wurk waard yn [[1930]] útjûn ûnder de titel ''American: The Life Story of a Great Indian: Plenty-coups, Chief of the Crows''. Yn [[1960]] waard it werprinte as ''Plenty-Coups: Chief of the Crows'', en ûnder dy titel wurdt it noch altyd werútjûn.
 
Yn [[1928]] brocht Mannich Kûp ek in besyk oan 'e [[Mount Vernon (plantaazje)|Mount Vernon-plantaazje]] fan [[George Washington]], yn [[Firginia]]. Dêrtroch waard er ynspirearre om syn eigen lân ek nei te litten oan 'e steat, en sadwaande donearre er datselde jiers noch 195&nbsp;[[acre (oerflaktemjitte)|acres]] (krapoan 80&nbsp;[[hektare|ha]]) oan [[Bighorn County (Montana)|Bighorn County]] om der in [[park]] fan te meitsjen foar it geniet fan lettere generaasjes. Sa ûntstie it [[Steatspark Chief Plenty Coups (Alek-Chea-Ahoosh)|Steatspark Chief Plenty Coups]], yn 'e neite fan [[Pryor (Montana)|Pryor]], dat yn [[2003]] hielendal renovearre waard.
 
Mannich Kûp kaam yn [[1932]] te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 84 jier. Hy wurdt troch syn folk beskôge as de lêste fan 'e grutte opperhaden. Hoewol't er [[houlik|troud]] wie mei Slacht-it-Izer, hied er gjin [[bern (persoan)|bern]]. Tsjin 'e tiid fan syn dea wie it fizioen dat er as alvejierrige hân hie, suver hielendal útkommen. De blanken hiene de flakten oerspield en sloegen no folslein foar master op. Yndiaanske folken dy't har tsjin dy oerhearsking fersetten, wiene skriklike ferliezen tabrocht en hiene tasjen moatten hoe't harren [[kultuer]] fierhinne ferrinnewearre wie. Troch it foarútsjend each en kundich liederskip fan Mannich Kûp wie de KroKrieën sa'n lot grutdiels besparre bleaun.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 57:
[[Kategory:Amerikaansk politikus fan Yndiaansk komôf]]
[[Kategory:Amerikaansk skriuwer fan Yndiaansk komôf]]
[[Kategory:Persoan fan Kro-Kriesk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1848]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1932]]