Gouden Poarte (Vladimir): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 36:
== Boukiednis ==
[[File:Князь Андрей Боголюбский.jpg|thumb|left|200px|''Grutfoarst Andrej Bogoljûbsky'']]
De hillige stêden fan de [[easterske otterdoksy]] ([[Jeruzalim]], [[Konstantinopel]] en [[Kiev]]) hiene gouden poarten. Doe't Andrej Bogoljûbsky Vladimir fan Vladimir syn haadstêd makke woe hy ek sa'n gebou yn de stêd ha. Hy liet in poarte bouwe fan kalkstien mei dêrboppe in kapel, dy't op 26 april 1164 waard ynwijd. Fan de sân poarten tusken de lange wâlen achter djippe grêften om de stêd hinne bleau allinne de Gouden Poarte oer, dy't oarspronklik fergulde wie mei plaatwurk fan koper. Oer de grêft hinne, lei in brêge dy't tagong joech ta de stêd Vladimir. De bôge fan de poarte is fjirtjin meter heech. De massyf iken doarren, dy't oan smei-izeren knieren hongen, binne net bewarre bleaun.
 
Boppe de latei lei in houten flier dy't tsjinne as ekstra platfoarm foar de ferdigening by in oanfal. De lokaasjes fan de balken binne hjoeddedei noch yn it mitselwurk fan de muorre te sjen. In iepening yn de súdlike muorre joech tagong ta it platfoarm, dêr de muorredikte romte joech foar in stiennen trep mei ferwulft. Op itselde nivo oan de oare kant wie noch in útgong nei de bolwurken oan de súdlike kant. Oan de noardelike kant wie in passaazje dy't oer de muorre nei it platfoarm rûn.