Greenwich Mean Time: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw de ynformaasje wat oars oardere.
Rigel 1:
'''GMT''' is de ôfkoarting fan '''G'''reenwich '''M'''ean '''T'''ime, wat stiet foar de [[trochsnee tiid]] fan [[Greenwich]] . Somtiden wurdt it ek brûkt as Greenwich Meridian Time, mar dat is net korrekt.
 
GMT is ien fan de [[tiid]]standerts. [[Greenwich]] is in part fan de stêd [[Londen]] yn [[Ingelân]] en leit op 0° easterlingte. De tiid datAt yn Greenwich de [[middelbere sinne]] op it hichtste punt yn it suden oan de himel stiet, hjit it tolve oere. De oantsjutting fan dy tiid is 12.00 GMT.
 
== Tiidstandert ==
By de ynternasjonale kommunikaasje, sa aslykas [[tillefoan]], [[tillegrafy]], en [[radio]]ferkear en letter ek by it [[ynternet]], wie it nedich om oer de hiele wrâld ien tiidstandert te hawwen. Dêrtroch koe wrâldwiid ien tiid ôfprate wurde. De [[Stjerrewacht fan Greenwich]] is yn [[1884]] fêstlein as it plak fan [[nulmeridiaan]], dat de tiid oer Greenwich is dêrmei de tiid yn it midden fan de tiidsônes. GMT waard dêrom brûkt as dy tiidstandert.
 
Op [[1 jannewaris]] [[1972]] waard de GMT as ynternasjonale tiidstandert ferfongen troch UTC, [[Koördinearre Wrâldtiid]].
 
== Tiidsône ==
GMT is de tiid fan de tiidsône op de nulmeridiaan. It is dêrmei de sinnetiid fan Greenwich, en de tiid fan de tiidsone fan Londen. At it nedich is om de oerwurktiid oan de sinnetiid oan te pasjen, dan wurdt UTC oanpast mei in [[skrikkelsekonde]]. Dat liket dan as in ferskil tusken de âlde tiidstandert en de nije, mar de essinsje is de oanpassing oan de sinnetiid.
 
In oare standert is de [[Koördinearre Wrâldtiid]] of UTC nei de Ingelske ôfkoarting. Dizze tiid is suver gelyk oan GMT, mar is basearre op [[atoomklok]]ken. Sa gau as beide standerts hast in sekonde fan inoar ferskille, wurdt yn GMT en alle oare lokale tiden oer de hiele wrâld in ekstra [[skrikkelsekonde]] tafoege. Op [[1 jannewaris]] [[1972]] waard de GMT ferfong troch UTC.
 
[[Kategory:Tiidsône]]