Masedoanje (Aldheid): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 1:
[[Ofbyld:LocationMacedonia-REG-1-z.png|thumb|''Histoarysk Masedoanje'']]
'''Masedoanje''' ([[Gryksk]]: Μακεδονία, ''Makedonía'') is in histoaryske lânstreek op it [[Balkan (skiereilân)|Balkanskiereilân]], dat rint fan [[Masedoanje (Grikelân)|Noard-Grikelân]] ([[Masedoanje (Grikelân)|Gryksk Masedoanje]]), [[Pirin-Masedoanje|Súdwest-Bulgarije]], en it lân [[Masedoanje (lân)|MasedoanjeFYROM]]. Geografysk besjoen wurdt Masedoanje yn it westen begrinze troch it [[Pindosberchtme]] en de berchrigen lâns Gryksk-Albanese grins (Jablanitsa, Dasjat), yn it noarden troch it Sjarberchtme en de wetterskieding tusken de [[Fardar]] en de [[Morava (Servje)|Morava]], yn it easten troch it Pirinberchtme en yn it suden troch de [[Olympus (berch)|Olympus]] en de [[Egeyske See]]. Masedoanje beslacht de stroomgebieten fan de [[Aliakmon]], de Fardar en de [[Strimon]].
 
Faak wurdt it Masedoanje fan eartiids betize mei it Masedoanje fan no, wylst dat twa ferskillende dingen binne. Der is hjoed de dei in gebiet yn it noarden fan Grikelân dat Masedoanje hjit en der is sûnt it útelkoar fallen fan Joegoslaavje in selsstannich lân mei deselde namme, wat al ta problemen mei Grikelân laat hat.<br />In diel fan de streek dy't op it kaartsje dûnker oanjûn is, waard yn prehistoaryske tiden bewenne troch de [[Aldmasedoanjers]], oer wa har komôf net folle mei wissichheid bekend is. Sels beskôgen se har as Griken, wylst se foar guon Griken as "barbaren" gouwen. De aristokrasy en de keningen út de dynasty fan de [[Argeaden]] wienen sûnder mis Gryksk. Oant yn histoaryske tiden bewarre de Masedoanyske mienskip skaaimerken fan de prehistoaryske Grykske stammen: it "feodale" ridderskip en it troch de gearkomste fan striidbere manlju te bekrêftigjen keningskip. Op kultureel mêd bleauwen de Masedoanjers lange tiid ôfsidich fan de oare Griken. Opmerklik is wol dat sommige keningen besochten om ta nauwere bannen mei Grikelânn te kommen.