Ferkundigingskatedraal (Moskou): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 55:
 
De tsjerke waard yn de 16e iuw útwreide mei galerijen foar sydalters. Boppe de tagong nei de noardlike galerij falt in grut ikoan fan Kristus de Ferlosser op, dy't taskreaun wurdt oan de ikoanenskilder [[Simon Usjakov]]. De galerij wurdt fan de eigentlike tsjerke skieden troch in portaal, dat yn de 16e iuw troch Italjaanske arsjitekten yn opfallend azuerblauwe kleuren mei fergulde ornaminten fan planten dekorearre waard.De koperen doarren binne mei ôfbylden fan dichters en filosofen út de antike tiid fersierd.
 
Fan de oarspronklike fresko's út 1508 is in diel bewarre bleaun. Se binne oanbrocht troch de master Teodos, soan fan Dionysos en syn learlingen. De fresko's binne yn de tsjerke sels en de galerijen te sjen en stelle bibelske foarstellings en russyske foarsten en grutfoarsten foar. By in grutter diel fan de muorrefresko's giet it lykwols om lettere rekonstruksjes dy't nei brannen yn de 16e en 17e iuw de ferneatige fresko's ferfongen.
[[File:Cathedral of the Annunciation Ceiling.jpg|thumb|left|250px|''Fresko's yn de Ferkundigingskatedraal'']]
Fan de oarspronklike fresko's út 1508 is in diel bewarre bleaun. Se binne oanbrocht troch de master Teodos, soan fan Dionysos en syn learlingen. De fresko's binne yn de tsjerke sels en de galerijen te sjen en stelle bibelske foarstellings en russyske foarsten en grutfoarsten foar. By in grutter diel fan de muorrefresko's giet it lykwols om lettere rekonstruksjes dy't nei brannen yn de 16e en 17e iuw de ferneatige fresko's ferfongen.
 
It ferwult fan de sintrale tsjerke wurdt droegen troch fjouwer rjochthoekige pylders, dy't ek allegear ryk beskildere binne. Ut de tiid fan de foargongertsjerke stamt de fiif ferdjippings tellende [[ikonostase]] út 1405. Yn de tredde en fjirde rige binne ikoanen te sjen fan [[Andrej Rûbljov]] en [[Teofanes de Gryk]]. Tn de ûnderste rige is de sulveren poarte in keunstsinnich fersierd elemint. Achter dy poarte leit de galerij mei de eardere treppen nei de ferbliuwen fan de tsaar. As de tsaar mei syn famylje nei de tsjerke gyng dan kamen se troch dy poarte nei binnen, de doarren wurde dan ek wol mei tsarenpoarte oantsjut.