Desidearius Erasmus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Holbein-erasmus2.jpg|thumb|Desidearius Erasmus, portret troch [[Hans Holbein de Jongere]].]]
'''Desidearius Erasmus''' of '''Desidearius Erasmus Roterodamus''' ([[Rotterdam]] (wierskynlik), [[28 oktober]] [[1466]] - [[Bazel]], [[12 july]] [[1536]] wie in Rotterdamsk [[humanisme|humanist]], [[skriuwer]] en [[filosoof]]. Syn bertedatum is net alhiel wis. Oannommen wurdt dat er berne is op [[28 oktober|28]] of miskien [[27 oktober]] [[1466]] yn Rotterdam, mar eins is de ienichsteiennichste boarne dy't dy ynformaasje jout, Erasmus sels.
 
== Libben ==
Erasmus is berne as ''''Gerrit Gerritszoon'''', mar hat yn [[1506]], lykas wenstich ûnder [[renêssânse]]skriuwers yn dy tiid, syn namme [[Latinisearring|ferlatynske]] ta Desidearius Erasmus Roterodamus. Hy gie der dêrby ûnrjochtlik fan út dat de stam Geer- yn Geert/Gerrit wat út te stean hie mei begearjen en sette dat oer yn it [[Latyn]] en it [[Gryksk]].
 
Doe't Erasmus 4 jier yn Rotterdam wenne, ferhuze er nei [[Gouda]]. Erasmus wie in [[oerwinneling]]. Syn heit wie in pryster út [[Gouda]] en syn mem Margaretha soe as famyljenamme ''Rogerius'' (Rutgers) hân hawwe. Erasmus hat syn libben lang wraksele mei syn bûtenechtlik komôf. It is sels wol oannimlik dat er yn 1469 yn Gouda berne is, en dat er dat sels oars hawwe woe om syn situaasje ferside te fersidenbringen.
 
Erasmus studearre û.m. fan 1495 oant 1499 yn [[Parys]]. Dêrnei ferbleau hyer yn [[Ingelân]] (oant 1606), dêr't hyer befreone wie mei [[Thomas More]] en [[John Colet]]. Syn belangstelling wie yn dy tiid rjochte op de Kristlike âldheid. Hy reizge in soad; hy hat in tal jierren yn [[Itaalje]] taholden, dêrnei wer yn Ingelân, [[Leuven]], [[Basel]] en [[Freiburg im Breisgau]]. Hy wie in tiidgenoat en freon fan de fernijende skilder [[Albrecht Dürer]]. Erasmus is ferstoarferstoarn yn Basel.
 
Erasmus prate en skreau [[Latyn]]. Rûnom yn Europa waard er erkend as ien fan de grutte tinkers fan syn tiid. Hy koe ek [[Gryksk]] en stie dêrmei oan it begjin fan de [[gymnasium]]tradysje. Troch syn kennis fan it Gryksk rekke er derfan oertsjûge dat beskate dielen fan de [[Bibel]] net goed oersetten wiene. Dêrom joech er it Grykske [[Nije Testamint]] yn printe foarm út, tsjin de sin fan syn freonen, dy't bang wienen dat de dochs al net sa sterke posysje fan de tsjerke dêrmei fierder ûnder druk komme soe te stean. Sy soene gelyk krije. Erasmus lei mei de útjefte de grûnslach foar tsjerkeherfoarmers as Luther. Dat is him troch de Katolike Tsjerke ek wol ferwiten. Mar Erasmus sels hie de fersplintering fan de tsjerke net wollen; hy woe de tsjerke feroarje, net ferfange.