Kleastersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L korreksje: Feankleaster moat Gerkeskleaster wêze
Rigel 1:
{{Universele ynfoboks taal
| namme = Kleastersk
| oare namme(n) = FeankleasterskGerkeskleastersk
| eigen namme = ''Kloasters''
| lânseigen yn = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân]]
Rigel 14:
| ISO 639-3 =
}}
It '''Kleastersk''' of '''FeankleasterskGerkeskleastersk''' (Kleastersk: ''Kloasters'') is in [[Nedersaksysk]] [[dialekt]], dat sprutsen wurdt yn 'e twilling[[doarp]]en [[FeankleasterGerkeskleaster]] en [[Strobos]]. It taalgebiet leit dêrmei yn it [[easten]] fan 'e [[Fryslân|Fryske]] [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] [[Achtkarspelen]], tsjin 'e grins mei de [[provinsje]] [[Grinslân]] oan. It Kleastersk kin beskôge wurde as in oergongsdialekt tusken it [[Frysk]] en it [[Grinslânsk]].
[[File:Lânkaart lokaasje Kleastersk.PNG|left|thumb|220px|De lokaasje fan it Kleasterske [[dialekt]] (read) yn it [[Nedersaksysk]]e [[taal]]gebiet (ljochtgriis).]]
 
Rigel 20:
It Kleastersk wurdt omskreaun as "net sa sjongerich as it [[Frysk]], mar ek net sa hurd as it [[Grinslânsk]]." [[Westerlauwerske Friezen|Friezen]] beskôgje it as in foarm in Grinslânsk, wylst it [[Grinslanners]] it gauris foar Frysk oansjogge. De Kleasterske taalstriidster [[Wietske Poelman]] sei dêroer: "''We hem'n 'n soort identiteitscrisis. Allinnig ien Gerskeskloaster-Stroobos bin'n we thuus.''" [[Taalkunde|Taalkundich]] sjoen liket it Kleastersk lykwols tichter by it Grinslânsk as by it Frysk te stean.
 
It is ûndúdlik hoe't it Kleastersk yn it fan oarsprong [[Frysk]]talige FeankleasterGerkeskleaster-Strobos belâne is. It is ferliedlik om 'e sitewaasje yn it twillingdoarp te ferlykjen mei dy yn [[Kollumerpomp]], in doarp yn 'e midden fan 'e oanbuorjende gemeente [[Kollumerlân]], dat ek in eigen Nedersaksysk oergongsdialekt hat, it [[Pompstersk]]. Ek kin in ferliking makke wurde mei it [[Kollumerlânsk]]e [[Westerkertiersk]] dat yn [[Warfstermûne]], [[Muntsjesyl]] en [[Boerum]], yn eastlik Kollumerlân, sprutsen wurdt. It ferskil is lykwols dat Kollumerpomp en eastlik Kollumerlân op [[polder|ynpoldere]] lân lizze dat eartiids ta de [[Lauwerssee]] hearde, wylst FeankleasterGerkeskleaster-Strobos op [[sân]]grûn leit. Poelman: "''’t Kloasters is 'n vremd fenomeen. We bin'n echt 'n eiland hier. Je kin'n 't min verklaar'n.''"
 
==Hjoeddeiske sitewaasje==
It is ûnbekend hoefolle sprekkers oft it Kleastersk noch hat. It dialekt wurdt hjoed de dei yn FeankleasterGerkeskleaster-Strobos op 'e dyk noch by 't folop sprutsen, mar yn iepenbiere [[gearkomste]]n ferbrekke de lju har eins fuortendaliks en geane se oer op it [[Nederlânsk]]. Poelman wie ien fan 'e earsten dy't dat net die. En doe't se yn [[2014]] foar de [[FNP]] yn 'e [[gemeenteried]] fan Achtkarspelen keazen waard, wie se de earste dy't yn 'e riedsseal Kleastersk spriek. By de [[ferkiezing|gemeenteriedsferkiezing]]s fan [[maart]] [[2018]] waard se net werkeazen, en dêrnei besleat se om har fierder yn te setten foar har [[memmetaal]]. Poelman hat it plan opfet om in offisjele [[stavering]] foar it Kleastersk te meitsjen, en hat dêroer kontakt opnommen mei de [[Fryske Akademy]], dêr't men entûsjast reägearre. Op it stuit wurdt besocht de [[finansiering]] fan in formeel taalkundich ûndersyk nei it Kleastersk ûnder tafersjoch fan 'e Akademy rûn te krijen. Neffens Poelman is dat neat te betiid: "''As gieneen 't vastleit, dan verdwient 't. Veur 't Kloasters is 't vijf veur twaalf.''"
 
==Wurdlist==
Rigel 104:
[[Kategory:Grinslânsk]]
[[Kategory:Nedersaksysk dialekt]]
[[Kategory:FeankleasterGerkeskleaster]]
[[Kategory:Strobos]]
[[Kategory:Kollumerlân]]