Ferskil tusken ferzjes fan "Adonéïs"

25 bytes grutter ,  2 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
 
==Ynhâld==
De dichter skriemt om John Keats, dy't dea is en om wa't noch lang rouwe wurde sil. Oproppen troch de dichter wurdt Keats beskriemt troch [[Urania]] (de [[Grykske mytology|Grykske]] [[muze]] fan 'e [[astronomy]], yn dit ferbân in byldspraak foar de himel), syn eigen dichtwurken, de natoer, de maityd en ferskate oare dichters, mei dêrûnder [[Lord Byron]], [[Thomas More]] en Shelly sels. De anonime resensintresinsint fan 'e ''Quarterly Review'' wurdt de skuld jûn fan Keats syn dea en it leksum lêzen. De dichter trunet dan de rouwenden oan om net langer te skriemen; Keats is no ûnderdiel fan it ivige wurden en sadwaande ommers frij fan 'e oanfallen fan sok ûnrant. Hý is net dea, it binne de libbenen dy't dea binne. Keats ferkeart no foar ivich yn it selskip fan Skientme en Leafde, en dêrfoaroer stelt it libben neat foar. De dichter seit tsjin himsels dat er no sels ek better it libben efter him litte kin, want hy it hat him no neat mear te bieden. Hy fielt him as wurdt er "yn dûnker en eangstme" omfierrens droegen, nei it plak dêr't Keats syn siel no gloedet as wie it in stjer, yn 'e wente dêr't de ivigen tahâlde.
 
==Fryske oersetting==
De Fryske oersetting fan ''Adonaïs'' ferskynde yn 1916 ûnder de titel ''Shelley's Adonéïs'' by [[Utjowerij Van der Spoel|Utjouwerij Van der Spoel]] te [[Grou]], as nû. 1 yn 'e rige "Oersettings fen Ingelske Masterstikken". De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan [[Douwe Kalma]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
189

bewurkings