Hindrik IV, Diel 2: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Hindrik IV, Diel 2''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Henry IV, Part 2''''' (folút eins: ''The Second Part of the History of Henry the Fourth''), is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. It is yn prinsipe in [[trageedzje]], hoewol't it yn 'e tradysjoneletradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de [[Shakespeariaanske histoaryske stikken]] falt. ''Hindrik IV, Diel 2'' foarmet it trêde part fan Shakespeare syn [[tetralogy]] (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings [[Richard II fan Ingelân|Richard II]], [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] en [[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]]. It stik beskriuwt de ôfrin fan 'e opstân fan 'e [[Percy (famylje)|Percy-famylje]] tsjin it regear fan kening [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] en kroanprins "Hal" ([[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]]) syn ûntjouwing ta kening. Histoarysk sjoen soe dat in snuorje fan mear as tsien jier, fan [[1403]] oant [[1413]] beslaan, mar yn it toanielstik liket it om in folle koartere perioade te gean; hoewol't ''Hindrik IV, Diel 2'' basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. It stik is nei alle gedachten skreaun tusken [[1596]] en [[1599]], en it waard foar it earst útjûn yn [[1600]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] ferskynde yn [[1965]].
 
==Ynhâld==