Ferskil tusken ferzjes fan "Troilus en Kressida"

Gjin feroaring yn grutte ,  2 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
| ISBN oers. =
}}
'''''Troilus en Kressida''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Troilus and Cressida''''' (folút eins: ''The Famous History of Troilus and Cressida'', "De Ferneamde Skiednis fan Troilus en Kressida"), is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. It is in [[trageedzje]] dy't weromgrypt op 'e [[Trojaanske Oarloch]] sa't dy troch [[Homêros]] beskreaun waard yn syn ''[[Ilias]]'', en ferhellet oer de tragyske leafde tusken de [[Troaje|Trojaanske]] prins Troilus en de preestersdochter Kressida, wylst op 'e eftergrûn de oangeande kriich tusken de [[Griken]] en de Trojanen behannele wurdt. It stik einiget tige nearzich mei de dea fan 'e Trojaanske prins en held [[Hektor]] en de ein fan 'e leafde tusken de beide haadrolspilers. ''Troilus en Kressida'' is fier fan in tradysjoneletradisjonele trageedzje; it is ynstee in dreech stik, mei in toansetting dy't allegeduerigen wyld hinne en wer slacht fan skabeljeuze grapmakkerij nei swiersettige tragyk en werom. Dat hat derta laat dat lêzers en teäterbesikers gauris net krekt witte wat se mei de personaazjes oan moatte. Yn syn oanhâldende befreging fan wearden lykas maatskiplike hierargy, eare en leafde is it stik lykwols opmerklik modern. ''Troilus en Kressida'' is nei alle gedachten skreaun yn of omtrint [[1602]]. It waard foar it earst útjûn yn [[1609]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] ferskynde yn [[1966]].
 
==Ynhâld==
189

bewurkings