Jona (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 28:
'''''Jona''''', yn it oarspronklike [[Hebriuwsk]]: '''יונה''', '''''Yonah''''', is in tekst út sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, ''[[Lytse Profeten|Ṯrei Asar]]'', dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de ''Neḇi'im Aḥaronim'' (de "Lettere Profeten") falt. Yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel foarmet ''Jona'' in bibelboek op himsels, it 32ste fan 39 (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de ''[[Lytse Profeten]]'' heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde ''[[Grutte Profeten]]'').
 
Yn it boek ''Jona'' is it ferhaal fan 'e tsjinakseljende [[profeet]] [[Jona (profeet)|Jona]] fêstlein, dy't troch [[God]] nei [[Ninevé]] ta stjoerd wurdt om dêr de ferdylging fan dy stêd te foarsizzen. Oars as de oare ''Lytse Profeten'', dy't skriftlike fêstlizzings fan [[profesije]]n binne, is ''Jona'' frijwol hielendal yn 'e ferheljende trant steld; sels de profesije tsjin Ninevé wurdt inkeld yn it foarbygean oer ferteld. Hoewol't ''Jona'' spilet ûnder it regear fan 'e [[Israel (keninkryk)|Israelityske]] kening [[Jerobeäm II fan Israel|Jerobeäm II]] ([[782 f.Kr.|782]]-[[753 f.Kr.]]), is it boek nei alle gedachten pas skreaun yn 'e tiid nei de [[Babyloanyske Ballingskip]], earne tusken de lette fyfde en iere [[fjirde iuw f.Kr.]] It ferhaal hat him yn 'e foarm berneteltsjes (''Jona en de Walfisk'') wierskynlik ûntjûn ta ien fan 'e bekendste ûnderdielen fan it Alde Testamint. Yn it joadendom wurdt it tradysjoneeltradisjoneel oplêzen op 'e middei fan ''[[Jom Kippoer]]'' (de Grutte Fersoendei), fanwegen de berettens fan God, dy't derút nei foarren komt, om lju ferjeffenis te skinken as hja oprjocht berou hawwe fan har ferkeardens. De earste [[Frysk]]e oersetting fan ''Jona'' wie dy fan [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1915]] publisearre waard yn it tydskrift ''[[Yn Us Eigen Tael]]''.
 
==Ynhâld==