Streekroman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
It promininte plak by de boekwinkelkassa ha dy boeken nei de oarloch linkendewei ferlern. ''[[Beekman en Beekman]]'' (1950) fan [[Toon Kortooms]] helle noch net earder fertoande oplages, mar hjoeddeidei ha noch mar in pear útjouwers streekromans yn harren fûnslist: yn Nederlân binne dat benammen útjouwerij Kok yn Kampen en in tal lytse kristlike útjouwers. Yn [[boekhannel]]s dêr’t foarhinne faak aparte kasten foar de streekromans ynromme wiene, ha se dy wichtige posysje ferlern. It kanaal dêr’t se it publyk troch berikke, is benammen de [[bibleteek]]; dêr binne de streekromans noch altyd slim populêr.
 
Under beskate segminten fan harren doelgroep, de jongere froulju benammen (mar ek wat âldere froulju), ha streekromans in soad konkurrinsje krigen fan oare sjenres, lykas de [[chicklit]] en de romantyske lektuer (de saneamde ''hy-sy-roman''). Dat is te ferklearjen: de doelgroep bestie tradysjoneeltradisjoneel benammen út húsfroulju, mar wurdt de lêste desennia benammen foarme troch arbeidzjende froulju. Har belibbing slút minder oan by de streekroman-tematyk as it gefal wie by harren foarteam.
 
==Tematyk==
De situearring yn beskate kontreien is faak in plattelânssetting. Dat betsjut yn de tradysjoneletradisjonele streeklektuer de belibbenissen fan de haadpesoan: faak giet it om de wederwarichheden fan in húshâlding op it boerelân hinne, mei in stribjen nei mienskiplik lok dat útsoarte tûkelteammen tsjinkomt (dêr is de plot op basearre), mar dat úteinlings dochs ta in befredigjend resultaat liedt.
 
De situearring bringt faak mei dat [[folkloare]] in rol spilet. Inkeld wurdt ek yn it [[dialekt]] skreaun: dat kin him beheine ta dialogen, mar de ferteller kin him ek yn in dialekt uterje, as er him as dielgenoat oan it streekbarren presintearret.
 
In oar tema is dat fan it kontrast tusken it plattelânslibben en dat yn de grutte stêd. Troch it skilderjen fan tradysjoneletradisjonele libbenswizen yn dy kontreien ûnderskiedt dy situearring him ek fan oare kontreien.
 
It binne gauris tsjokke, maklik te lêzen, boeken, dêr’t in frij ienfâldige yntriizje sintraal yn stiet, de gefoelens tige werkenber binne, en de ôfrin foarsisber is. Súksesfolle titels en it wurk fan tige populêre auteurs wurde wol werprinte yn noch tsjokkere [[omnibus]]-útjeften, mei meast in [[stofomslach]] dat yllustrearre is mei in tekening.