Stedsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
No edit summary
Rigel 17:
 
== De ûnderskate Stedske dialekten ==
TradysjoneelTradisjoneel wurde as Stedske dialekten beskôge: it [[Ljouwertersk]] (''Liwwadders''), [[Snitsersk]] (''Snekers''), [[Frjentsjertersk]] (''Franekers''), [[Harnzersk]] (''Harlingers''), [[Boalsertersk]] (''Bòlswadders''), [[Dokkumersk]] (''Dòkkumers'') en [[Starumersk]] (''Stavers''). Dy dialekten wurde allegear yn plakken sprutsen dy't [[stedsrjochten]] hawwe – dêrfandinne de beneamings "Stedsk" en "Stedfrysk".
[[File:Lânkaart lokaasje Stedsk.PNG|left|thumb|250px|De lokaasje fan 'e Stedske dialekten yn 'e provinsje [[Fryslân]].]]
 
Rigel 25:
 
== Skiednis ==
Neffens de tradysjoneletradisjonele teory is it Stedsk ûntstien yn 'e jierren nei [[1498]], doe't hartoch [[Albrecht fan Saksen]] yn [[Fryslân]] de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út [[Hollân]] wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it [[Hollânsk]], dat him troch de ynfloed fan it [[Frysk]] meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. Dizze teory giet dus út fan in troch it Frysk beynfloede fuortsetting fan it [[16e iuw|sechstjinde-iuwske]] Hollânsk.
[[File:Nordholland Harlingen 2004 003a.jpg|right|thumb|250px|De [[haven]] fan [[Harns (stêd)|Harns]].]]
 
Rigel 33:
[[File:130608 Uitzicht Achmeatoren Leeuwarden NL (1).jpg|left|thumb|400px|Utsjoch oer [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] fanôf de [[Achmeatoer]].]]
 
[[Taalkundige]] [[Pieter Duijff]], oan 'e oare kant, sleat him yn [[2002]] noch oan by de tradysjoneletradisjonele "amtnersteory". It liek him de iennichste útlis foar it feit dat it Stedsk net yn 'e stêden [[Warkum]], [[Drylts]], [[Sleat (stêd)|Sleat]] en [[Hylpen]] en likemin yn 'e gruttere doarpen sprutsen waard, wat yndie logysk wêze soe as de taal troch keaplju yn Fryslân brocht wie, want yn alle gruttere plakken waard hannel dreaun. Allinnich de wichtichste plakken wiene lykwols bestjoersstintra, en inkeld dêr soe him dus in útlânske amtnerij fêstige hawwe.<ref>Duijff, Pieter, ''Fries en Stadsfries'', s. 29.</ref> As dat sa is, bliuwt fansels wol de fraach wêrom't it lytse [[Starum]] dan in Stedsk dialekt hat. Der wurdt trouwens wolris tocht dat it [[Starumersk]] minder âld is as de oare Stedske dialekten út 'e stêden; fan 'e doarpsdialekten fan [[Kollum]] en [[it Hearrenfean (plak)|it Hearrenfean]] is dat mei wissichheid bekend.
 
Yn elts gefal moat it Stedsk fierhinne yn 'e [[sechstjinde iuw]] (mei mooglik noch in diel fan 'e [[santjinde iuw]] derby) ûntstien wêze. Om't der gjin skreaune boarnen út dy tiid oerlevere binne, is lykwols dreech te sizzen hoe't it Stedsk út 'e begjintiid der krekt útsjoen hat. Ek is ûndúdlik hokker Hollânske dialekten oft krekt oan it Stedsk te'n grûnslach lein hawwe. Guon taalkundigen tinke op grûn fan taalferliking sels oan in [[Brabânsk]]e ynfloed. It âldste oerlevere Stedsk is in tekst yn it [[Ljouwertersk]], dy't datearret út [[1768]]. De skriuwer, [[Anne Jeltema]], beskriuwt dêryn hoe't it doedestiden om en ta gie mei it keapjen en fersoargjen fan [[slachtfee]]. Hjirûnder in fragmint: