Lânskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Gurue Mount Murresse.jpg|right|thumb|300px|In lânskip yn noardlik [[Mozambyk]].]]
In '''lânskip''' is yn 'e [[geografy]] in útstrutsen stik [[grûn|lân]] mei dat him mei karakteristike (lânskipseigen) [[elemint]]en as in selsstannich gehiel ûnderskiedt fan oare, oanswettende gebieten. Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan in lânskip is hoe't de [[natoer]] yntegrearre is yn eleminten dy't troch de [[minske]] makke binne of oarsom. As de natoer oerhearsket, sprekt men fan in [[natoer]]lânskip; as de troch de minske tafoege eleminten oerhearskje, sprekt men fan in [[kultuer]]lânskip. Yn 'e [[skilderkeunst]] is it fêstlizzen fan lânskippen ien fan 'e meast tradysjoneletradisjonele ûnderwerpen; [[keunstskilder]]s dy't soks by de ein hawwe, wurde [[lânskipsskilder]]s neamd.
 
Lânskippen besteane út fjouwer [[kategory]]en eleminten. Yn it foarste plak omfiemje se [[geology]]sk-[[geografy]]ske eleminten fan [[lânfoarm]]en, lykas [[berch|bergen]], [[heuvel]]s, in [[heechflakte]], [[delling]]s, [[leechlân]], [[sompe]]n en [[oerflaktewetter]]s ([[rivier]]en, [[beek|beken]], [[mar]]ren, [[poel|puollen]] en de [[see]]). Dêropta omfetsje se ek ([[natuer]]like) [[planten|plantegroei]] lykas [[beam]]men (soms yn 'e foarm fan [[wâld]]en), [[strewelleguod]], [[gers|gerzen]], [[krûd (plant)|krûden]] en [[blom]]men. Fierders binne der troch de [[minske]] tafoege eleminten, lykas [[wegen]], [[hûs|huzen]], [[pleats]]en en oare [[gebou]]wen, [[mûne]]n, [[skip]]pen, [[stek (ôffreding)|stekken]], oanplante begroeiïng lykas [[hage]]n, útgroeven [[oerflaktewetter]]s lykas [[kanaal (wetterwei)|kanalen]], [[opfeart|fearten]] en [[sleat]]ten, en minsklike lânyndieling lykas [[greide]]n en [[ikker]]s mei har [[ôffreding]]s. Ta einbeslút binne der dan ek noch flechtige eleminten dy't mei it [[waar]] te krijen hawwe, lykas [[wolken]]s, [[rein (delslach)|rein]], [[wjerljocht]], [[snie]] of [[sinne]]skyn.