Westerwâlde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L [[]] better
Rigel 1:
[[File:Locatie Westerwolde.png|right|thumb|250px|De lizzing fan Westerwâlde binnen de provinsje [[Grinslân]].]]
'''Westerwâlde''' ([[Nedersaksysk]]: ''Westerwoolde''; [[Nederlânsk]]: ''Westerwolde'') is in lânstreek yn it easten fan 'e [[Nederlân]]ske provinsje [[Grinslân]], dy't weromgiet op in [[Midsiuwen|Midsiuwske]] [[hearlikheid Westerwâlde]]. Lange tiid wie it in sterk isolearre gebiet, mei't it as in kyl oprûn yn it grutste oanienslettene [[moeras]]gebiet fan [[West-Jeropa]], it [[Boertangerfean]]. Oarspronklik hearde Westerwâlde hielendal net by de [[Nederlannen]], en wie it in besitting fan it [[rykskleaster]] [[Abdij fan Corvey|Corvey]] (dat in selsstannige steat binnen it [[Dútske Ryk]] wie). Oars as it noardliker leine [[Reiderlân (regio)|Reiderlân]] hie Westerwâlde ek nea in [[Friezen|Frysk]] gebiet west. Yn [[1530]] kaam it yn 'e hannen fan hartoch [[Karel fan Egmont, hartoch fan Gelre|Karel fan Gelre]], mar yn [[1536]] waard it ferovere troch troepen fan keizer [[Karel V]]. Dy liet it him doe net mear ûntglûpe en foege it by syn besteande besittings yn 'e Nederlannen, mei as gefolch dat it gebiet úteinlik by [[Nederlân]] kaam te hearren ynstee fan by [[Dútslân]].
 
Ta it histoaryske Westerwâlde hearre 3 tsjintwurdige gemeenten: