Mongoloïde ras: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
It '''mongoloïde ras''' (of it '''"giele" ras''') is ien fan 'e trije [[ras (klassifikaasje fan minsken)|haadrassen]] fan 'e [[minske|minsklike]] [[soarte]], neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde]] en de iere [[tweintichste iuw]] frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "mongoloïde" kombinearret de stam "[[Mongoalen]]", mei de útgong "-oïde", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as [[biology]]ske [[soarte]] gjin wiere [[taksonomy]]ske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde [[ras (taksonomy)|ras]] hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan [[hûdskleur]] bûten [[wittenskip]]like fermiddens noch gauris brûkt, al wurde termen as "ras" en "mongoloïde" dêrby oer it algemien ferfongen troch [[eufemisme]]n, lykas "rasiale eftergrûn" en "Aziaten". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan [[ras (klassifikaasje fan minsken)|ras]], is dat fan gerjochtlike [[lykskôging]]s, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it mongoloïde ras oer it algemien in wat rûner antlit, mei mangelfoarmige [[each|eagen]].
 
==TradysjoneleTradisjonele yndieling==
Ta it mongoloïde ras waarden behalven de befolking fan [[East-Aazje|East]]- en [[Súdeast-Aazje]] en [[Sibearje]] ek de [[Turkske talen|Turkske folken]] fan [[Sintraal-Aazje]], it [[Heine Easten]], de [[Kaukasus]], de [[Balkan]] en [[East-Jeropa]] rekkene; de [[Oeralyske talen|Oeralyske folken]] fan [[Sibearje|West-Sibearje]], [[Ruslân|Noard-Ruslân]], it [[Eastsee]]gebiet en [[East-Jeropa]] (bgl. de [[Finnen]], [[Esten]] en [[Hongaren]]); de [[Austronezyske talen|Austronezyske]] folken fan 'e [[Yndyske Arsjipel]] ([[Maleiers]] en besibbe folken); de [[Polyneezje|Polyneziërs]] en [[Mikroneezje|Mikroneziërs]] fan 'e [[Stille Oseaan]]; en de [[Eskimo's]] en [[Yndianen]] fan 'e [[Amearika's]]. De yndieling fan it mongoloïde ras wie sadwaande rûchwei sa:
* it [[mongoloïde ras]]