Nederlânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 85:
Bûten [[Jeropa]] wurdt it Nederlânsk ek sprutsen yn Suriname. Lykwols is it dêr mar foar in tige lyts part fan 'e befolking de memmetaal (nammentlik foar 1%, neffens it [[Keninklik Ynstitút foar de Tropen]]<ref>{{Aut|Grunsven, Marie-Annet van, en Noordegraaf, Wim}}, ''Suriname'', Amsterdam/De Haach, 1993 (''Koninklijk Instituut voor de Tropen''/Novib), ISBN 9 06 83 23 121, s. 72.</ref>). Neffens sifers út [[1999]] hat yn Suriname 38% fan 'e befolking it [[Surinaamsk-Hindoestaansk]] as memmetaal en 15% it [[Javaansk]], wylst 30% fan hûs út [[Surinaamsk-Kreoalsk]] (of ''Sranan'') sprekt.<ref>{{Aut|Crystal, David}}, ''The Dictionary of Language (Second Edition)'', Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 326.</ref> Fierders wurde der yn Suriname ek noch [[Sineesk]], in stik as tsien [[Yndianen|Yndiaanske]] talen en ferskate [[Marroanen|Marroanske]] talen sprutsen (de Marroanen stiene earder bekend as de "Bosklânkreoalen"). Om net ien fan 'e befolkingsgroepen boppe de oaren te befoardieljen, is der by de ûnôfhinklikheid fan Suriname, yn [[1975]], foar keazen om it Nederlânsk, de taal fan 'e koloniale machthawwer, ta offisjele taal fan it nije lân te meitsjen, mei't frijwol alle Surinamers dy op skoalle leare moatte soene. Sawol it Nederlânsk as it Surinaamsk-Kreoalsk fungearje yn Suriname as ''[[lingua franca]]''; wat offisjeler de sitewaasje, wat wierskynliker oft it is dat der Nederlânsk sprutsen wurde sil. It meastepart fan 'e Surinaamske befolking hat it Nederlânsk (mear spesifyk: it [[Surinaamsk-Nederlânsk]]) dan ek goed yn 'e macht, mar dat is net itselde as dat it harren memmetaal wêze soe.
 
Yn it [[Karibysk Gebiet]] wurdt ek Nederlânsk sprutsen op 'e eardere [[Nederlânske Antillen]], dy't no de autonome lannen [[Arûba]], [[Kurasau]] en [[Sint-Marten (lân)|Sint-Marten]] en it net-autonome [[Karibysk Nederlân]] (besteande út 'e eilannen [[Bonêre]], [[Saba]] en [[Sint-Eustasius]]) foarmje. Ek dêr wenje lykwols mar in bytsje memmetaalsprekkers, mei't de lânseigen taal fan 'e [[Underwynske Eilannen]] it [[Papiamintsk]] is, wylst men op 'e [[Boppewynske Eilannen]] in [[kreoalske talen|kreoalske]] foarm fan it [[Ingelsk]] sprekt. De Nederlânsktalige mienskip op 'e Antillen (sa'n 7 oant 8% fan 'e befolking) bestiet sadwaande benammen út ymport út Nederlân wei. Mear memmetaalsprekkers fan it Nederlânsk binne te finen yn tradysjoneletradisjonele [[ymmigraasje]]lannen as de [[Feriene Steaten]] (410.000), [[Kanada]] (159.000), [[Austraalje (lân)|Austraalje]] (47.000) en [[Nij-Seelân]] (27.000). Ek yn oare lannen, lykas [[Súd-Afrika]], [[Brazylje]], [[Argentynje]] en [[Israel]], wurdt noch wol Nederlânsk sprutsen yn ymmigrantefermiddens. Mei-inoar komt it totale oantal memmetaalsprekkers foar it Nederlânsk sadwaande út op 18.966.000.
[[File:Ruiselede - Border 1.jpg|left|thumb|250px|Plaknamboerd fan [[Ruiselede]], yn [[West-Flaanderen]].]]