Austraalje (lân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 52:
==Skiednis==
===Foar de kolonisaasje===
Men giet der ornaris fanút dat it Australyske kontinint tusken 48.000 en 42.000 jier lyn foar it earst bewenne rekke troch [[minske]]n, al geane oare skattingen út fan 60.000 jier lyn. Hoe dan ek, de ierste bewenners, dat de foarâlden fan 'e hjoeddeistige [[Australyske Aborizjinals|Aborizjinals]] wiene, weagen nei alle gedachten de oerstek mei boatsjes, út 'e [[Yndyske Arsjipel]] wei, of mooglik kamen se oer de doetiidske [[lânbrêge]], yn 'e [[Torresstrjitte]]. Ienris yn Austraalje ferspraten se har oer it hiele kontinint, wêrby't se in tradysjoneletradisjonele libbenswize as [[jager-sammelder|jagers-sammelders]] en/of [[fisker]]s fêstigen.
 
Yn it jier [[150]] waard der foar it earst oer Austraalje skreaun troch de Alde [[Griken]]. Hja wiene de earsten dy't it kontinint de namme fan "Súdlân" joegen. Net dat sy ea sels mar yn 'e buert fan Austraalje kamen; it wie harren mear in [[filosofy]]sk gegeven: om't de wrâld doedestiden sjoen waard as in platte skiif, moast der wol in grutte lânmassa yn it suden bestean ta kompinsaasje fan al it lân yn it noarden, sadat de skiif yn lykwicht bleau. Dat der ek wier-wier in "Súdlân" bestie, wie poer tafal, en hie mei de "[[wittenskip]]like" ûnderbouwing fan 'e teory út 'e [[Aldheid]] alhielendal neat fan dwaan. Likegoed waard troch de teory fan 'e Alde Griken in protte belangstelling foar "it Unbekende Súdlân" wekke.